Skoallen net langer kristlik of iepenbier, mar wol divers

maaie 19, 2020 20:54

Foto: pixabay.com

Tenei kin elkenien in skoalle oprjochtsje, as der mar genôch learlingen op komme te sitten. Sa’n skoalle hoecht net mear in grûnslach te hawwen, lykas kristlik of iepenbier.

Sokke skoallen kinne fan ein yn juny 2021. Doel wie earst om de moolkheid al yn 2020 te skeppen, mar de Sineeske trudze dy’t omgiet hat opûnthâld opsmiten.

Neffens ûnderrjochtsminister Arie Slob hawwe de nije regels it foardiel dat it ûnderwiis mear eksperimintearje kin.

Wa’t in oanfraach docht foar it oprjochtsjen fan in nije skoalle, moat tenei in plan yntsjinje dat troch de oerheid goedkard wurde moat. Dêr moat yn stean hoe’t it ûnderwiis jûn wurdt, yn hoefolle tiid en hoe’t de lessen derút komme te sjen. Boppedat moatte skoallen sjen litte dat se wurkje oan in ferskaat yn ‘e learlingepopulaasje.

maaie 19, 2020 20:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.