Skeveningske surfers omkommen troch miljeufersmoarging en klimaatferoaring

maaie 24, 2020 14:45

Skôging troch Nanne Hoekstra

Yn de media wie der lêstendeis in protte omtinken foar it omkommen fan in tal surfers yn de see by Skeveningen. Oarsaak wie in metershege skomlaach. In natuerferskynsel waard dat neamd. Mar ik hâld út dat it in troch minsken feroarsake fenomeen is. Yn myn taljochting hjirûnder komt de moard út.

Slymalch

Sok seeskom wurdt produsearre troch de skomalch, dy’t ek wol brune slymalch neamd wurdt en yn it Latyn fan Phaeocystis hjit. Yndividuele algen binne mei it bleate each net te sjen, mar koloanjes wol. Dy produsearje in slymlaach dy’t tsjinnet om fiedsel yn op te slaan, sadat se nachts sûnder sinneljocht trochwaakse kinne. It slym beskermet de algen ek tsjin opfretten. Nei’t de algen deagean, komt der aaiwyt út it slym frij dat troch de weagen opkloppe wurdt ta skom. As dat op it strân blaasd wurdt troch de wyn, wurdt sadwaande wol praat oer in kapûtsjinokust.

Kapûtsjinokust by kreas waar. Foto: Dinka den Hollander

Drinkeldeaden

De wettersporters wiene, sa wurdt grute, tige op it surfen ôfjage en de stive wyn (krêft 7), dy’t der moandeitemiddei 11 maaie stie, wol treast. De brij fan alge-ekskreminten waard de surfers lykwols oermânsk, trochdat it malkjen fan de wyn harren oer it mad kaam. Hja bedarren ûnferwachte yn in laach skom dy’t meters tsjok tsjin de havendaam omheech stode. Nettsjinsteande harren betûftens binne de surfers desoriïntearre rekke, smoard yn it skom, ferdronken en /of tsjin de betonblokken fan de pier teplettere.

Algebrij

Alle jierren is der yn april in grutte oanwaaks fan algen. De swierrichheden dy’t dat meibringt is ôfhinklik fan de krekte waarsomstannichheden. It skom is ornaris net fergiftich foar minsken, mar it seelibben kin troch in rotsjende brij fan deade algen, mei fangefolgen brekme oan soerstof, wol slim tehavene wurde. Yn de Easterskelde hat de mokseltylt sadwaande te lijen fan de skomalgen en dat giet de lêste jierren gauris mank mei skrale rispingen.

Miljeufersmoarging

De oanwaaks fan algen yn de maitiid komt troch fiedselrykdom yn kombinaasje mei sinneljocht en om’t it dierlik plankton – dat de algen opfret – dan noch net warber genôch is. By it winter wurdt de Noardsee bedonge troch oanfier fan nutriïnten dy’t brûkt wurde troch de algen sadree’t de sinne wer macht genôch hat. Dy dong wurdt oanfierd troch de rivieren en dêr spylje de minsken net swak yn by. Troch tal fan miljeumaatregels is it oanpart fosfaat yn de hoemannichte nutriïnten de lêste jierren ôfnommen, mar dat jildt perfoarst net foar stikstof. De miljeufersmoarging mei stikstof nimt troch ferkear, yndustry en benammen de yntinsive lânbou noch algeduerigen ta. It is dus net om ‘e nocht dat de Steatsrie ferline jier maaie ho sei tsjin de stikstoffersmoarging. Dêr kaam aardich wat rebûlje út fuort (sjoch bygelyks it dossier stikstof op It Nijs), mar boeren dy’t okkerdeis op harren trekkers opteagen nei Ljouwert en De Haach lykje spitigernôch net folle each te hawwen foar de effekten fan harren gegriem mei stikstof.

Klimaatferoaring

De boeren binne lykwols net de iennichste skuldigen oan de tryste dea fan de wettersporters. Wy binne allegearre mandélich yn it drama. Want dat it no sa raar betearde, komt neffens myn analyze troch de fan minsken bewurkmastere klimaatferoaring. Dy soarget te uzes nammentlik sawol foar mear drûge riten en dêrmei sinneskynwaar as foar wietens (dat haw ik earder ferdútst). Just mei wiet waar streame nutriïnten fan it lân ôf de rivieren yn. En krekt dizze febrewarismoanne wie it och sa wiet: it KNMI meldt foar Nederlân in rekôr fan 147 milimeter delslach, foar yn trochsneed yn de sellemoanne 55 milimeter oer. En dêrnei kaam der in tige lange sinnige rite: maart 2020 stiet neffens it KNMI yn de top-fiif fan meast sinnige foarjiersmoannen ea – mei 195 oeren sinne, trochstrings binne dat der 125 – en ôfrûne april wie – mei wol 285 oeren sinne wylst it gemiddelde op mar 178 leit – sels de sinnichste gersmoanne sûnt it begjin fan de mjittingen dêrfan yn 1901. Dat soarge foar in knoarre ljocht dêr’t de aaklige algen omraak mei waakse koene op de opheape dongstoffen.

maaie 24, 2020 14:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kees van der Beek maaie 24, 15:44

    Moai, sokke skôgings al sil net elkenien dêr bliid fan wurde…. Mar it is wol noadich!!!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.