Simone Djurrema: Troch koroana blokkearfries wurden

maaie 9, 2020 20:00

Kollum

Flesse ûntsmetter mei Sweedske eftergrûn. Foto © Simone Djurrema

It wie de foarige kear al oan ’e oarder, mar no ûntkom ik der net mear oan: ik moat no wol oer de pandemy skriuwe. No ja, moat? Mar it giet yn de hiele wrâld nearne oars mear oer en it hiele libben draait derom. Dat foarút dan mar. Jimme wolle misskien ek wol witte hoe’t dat hjir yn Sweden giet.

De oanpak fan de Sweedske regearing ferskilt nochal wat fan de Nederlânske. By ús is alles iepen. Wy moatte ús gewoan oan de regels hâlde. Yn ’e rest fan ’e wrâld binne we foar fan alles útmakke, fan “ûnferantwurdlik” oant “idioat”. De iene kear tink ik dat we yndied idioaten binne, mar de oare kear liket it wol wer ta te fallen.

De regels binne ûnder oare: oardel meter ôfstân hâlde, hannen minstens tweintich sekonden waskje mei sjippe of hannen desynfektearje, hoastje en prúste yn ’e earm, in oar syn iten net mei de hannen oanreitsje. Thúsbliuwe by symptomen fan ferkâldenheid, en gean der net út as it net hoecht. Foaral net as je ta in risikogroep hearre, lykas santichplussers. Iroanysk genôch sjoch ik dy it meast fan allegear oeral omstrúnen. Wylst de bern en bernsbern weibliuwe om harren te sparjen, geane pake en beppe gesellich nei de IKEA en it winkelsintrum. Der steane wol by in protte winkels pompfleskes mei desynfektant klear by de yngong en de kassa.

De Sweden meie graach in ‘kram’ jaan as se inoar wat better kenne, in omearming. Dat wurdt no hast net mear dien. Fûstkje ek net. Ik rop dan mar: “Coronakram!” en meitsje op in ôfstân fan minstens oardel meter de beweging. Yn ’e winkels fielt it as hie ik ynboude sensoaren. As ien te ticht by my komt, skrilje ik automatysk tebek. Ik haw myn ynstinkt al safier ûntwikkele dat it sels út de eachhoeke wei ek skoan wurket. Je wurde der wol oars fan…

Sûnt in pear wike skine de minsken yn Sweden harren nocht wat fan de isolaasje te hawwen, want se bleauwen echt wol in soad thús hear! Mar it skynt allegearre wer wat los te kommen. En wy meie! Yn allegear oare lannen wurde de minsken spikergek en wolle se wer nei bûten ta, mar se meie net. Ik haw der net safolle lêst fan, mar ik sit dan ek net yn in flatsje opsletten. Boppedat wurkje ik op in skoalle, dat ik kom der dochs wol út. Moarns begjinne alle leraren yn ’e personielsromte mei in kopke kofje of tee. Dan kinne der eventuele meidielingen dien wurde of problemen mei sykte en ferfanging oplost wurde. It middelste kessen fan de trijesitsbanken is fuorthelle, sadat net ien fuort neist in oarenien sitte kin. Der is lykwols safolle personiel dat der dan dochs noch guon eins te ticht byinoar steane.

De bern krije hjir waarm iten op skoalle. Se meie no net mear mei safolle tagelyk nei binnen en der wurdt ekstra sein dat se de hannen goed waskje moatte. Mar wat tinke josels. Dat giet fansels fan ‘flap flap’ en ôfdroege wurdt der amper. En wy kinne der net by stean, want der is al ekstra personiel foar it opskeppen nedich. Dan moatte se yn ’e rige stean op streekjes mei oardel meter ofstân faninoar, dêr’t de helte him net oan hâldt. It iten meie se oars sels opskeppe, mar no net. Dat dogge wy, mei rubber mofkes oan. Dêrnei geane se allegearre byinoar oan tafels sitten te iten. Der is gjin romte om harren fierder útinoar te setten en der is gjin tiid om harren yn lytsere groepkes ite te litten, want wy begjinne al om alve oere. En yn it skoft krûpe de famkes mei-inoar om en stoeie de jonges mei-inoar.

Boppedat sitte we allegearre hieltyd yn deselde romte, ek yn ’e klasse. En se sizze dochs dat it firus mei lytse dripkes troch de loft reizget? Ik wit net oft de âlden misskien yn it sikehûs op in koroanaôfdieling wurkje of dat se yn de wykeinen gesellich mei famylje út Göteborg (in risikogebiet) in feestje fiere. Dêr tink ik mar net oan. Ik sjoch wol hoe’t it komt, want thúsbliuwe mei net. Ik, en in protte oaren, hawwe gjin kar.

De sifers wurde fertsjusteremoanne ûnder it mom fan ‘privacy’, dat net ien wit wêr’t er oan ta is en de minsken dy’t gjin kar hawwe, besykje der mar net oan te tinken en sa goed mooglik de regels te folgjen. Iksels bin fan betinken dat alles inoar o sa tsjinsprekt. Der is allegear nijs, mar wat is fakenijs en wat is echt? Bygelyks: yn de taksy moat de passazjier op de efterbank sitte, mar as it firus him troch de lucht ferspraat, jout dat dochs neat!

Sels foar de apoteken jouwe de rjochtlinen net oan dat se de hiele tiid de toanbank desynfektearje moatte, mar as in Súd-Koreaanske ekspert gelyk hat, oerlibbet it firus wol langer as in wike op hurde oerflakken. Dat soe alles feroarje! En dan komt der wer in berjocht op Facebook foarby dat it by slim sike minsken op gjin inkeld oerflak yn ’e hûs fûn waard!

De Súd-Koreanen dogge oars net as teste, teste en nochris teste. Hjir yn Sweden fine se dy testen mar djoer, dat se teste miskien allinne minsken dy’t al op ’e intensive care lizze. Of se sizze dat der net maklik oan testen te kommen is of dat se net betrouber binne. Hoe dogge dy Súd-Koreanen dat dan? Ik haw in sterk fermoeden dat se hjir mei sa min mooglik testen de statistiken beynfloedzje wolle.

Der wie in tekoart oan beskermingsmateriaal, dat yn it sikehûs in Göteborg hiene se op in stuit oanjûn dat it net nedich wie. Gjin mûlekapkes, gjin fizieren, gjin rubber mofkes, neat. Dan kin ik my o sa opwine! Hoe sil dat personiel him field ha? En de pasjinten? En ferline wike seach ik dat se – jawol, yn it sikehûs yn Göteborg! – as iennigen yn ’e hiele wrâld revalidaasje oanbiede foar de pasjinten. Der stiene wol fjouwer man yn folle beskerming om ien inkelde pasjint hinne! Se hiene grif wat goed te meitsjen. Begripe jo it noch?

Dêrom hie ik in filmke dield op Facebook mei in sêne fan Yes minister, in âlde Ingelske searje. It filmke wie firaal gien trochdat it sa goed by de koroanakrisis past. (https://youtu.be/nSXIetP5iak) Der wurdt in tal stappen yn beskreaun en ik hie derby skreaun: “Step five: we’ll stop taking tests, it ‘ll look good in the statistics.” (Stap fiif: wy hâlde op mei testen, it sjocht der goed út yn de statistiken.) Dat fûn Big Brother net sa moai. It waard blokkearre. Ik koe allinnich oanklikke oft ik it dermei iens wie of net. No, ik gie fansels fuort by mysels nei oft ik dan dochs net te fier gien wie. Ik set hast nea wat provosearjends op Facebook. Ik wie der oerstjoer fan! Ik fiel my al in krimineel as ik in boete krij!

En sa waard ik troch de koroana samar in blokkearfries!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
maaie 9, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga maaie 11, 17:49

    Simone, ik nim dochs oan dat wol bekend is hofolle minsken stoarn binne yn Sweden oan koroana? Of falt it deaswijen fan festoarne pasjinten ek ûnder privacy?
    It kin nuttich wêze te witten foar de bêste oanpak oft er yn Sweden mear of minder slachtoffers falle as yn lannen binnen Europa mei strangere rigels.

  2. RobMokum maaie 11, 19:14

    Ast provosearje wolst moast in byld fan de David pleatse. Facebook/Google/Instagram (itselde konsern) is de grutste privacyskender yn de wrâld. Dêr meitsje hja har drokker oer keunst fan 400 ferlyn as parsefryheid.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.