Simmerlessen Keunstakademy Fryslân

maaie 12, 2020 14:36

De koroanamaatregels binne ferromme en dêrtroch kin Keunstakademy Fryslân úteinsette mei syn simmerlessen. Dy lessen wurde holden yn de foarm fan wurkateliers yn ’e hiele provinsje. Der binne in soad bûtenskilderdagen en -wiken plend. De lessen wurde yn ferskate lânskippen yn Fryslân holden.

Foto: Doet Boersma

Art Academy Fryslân is krekt ferhuze nei in romme lokaasje, en nei twa moanne binne alle lessen stillein, fanwege de gefolgen fan it Covid-19-firus. De iepening fan it nije gebou troch wethâlder Sjoerd Feitsma yn april, lykas de iepening fan ‘e earste ôfstudearútstalling mids maaie troch kommissaris fan de Kening Arno Brok koe net trochgean. De keunstakademy is bliid mei de ferromming fan maatregels, sadat simmerlessen op 1 juny begjinne kinnne binnen de beheinings dy’t jilde.

De simmerlessen sille fan 1 juny oant 30 augustus holden wurde yn ateliers en bûtendoar yn hiel Fryslân. Foar simmerlessen komme dielnimmers út it hiele lân. De ferbliuwadressen hawwe maatregels naam, sadat gasten feilich binne by de keunstlessen. Der binne wurkateliers en lessen op ferskate lokaasjes, bygelyks de keunstwike op Skylge of it glêswurkatelier yn Kûbaard. Yn ‘e Keunstakademy yn Ljouwert binne der skilderwiken en -wurkateliers, yn Riis yn Gaasterlân wurdt bûtendoar skilderles jûn oan ’e Iselmar en yn ’e bosk en fjilden. Dan fersoarget Hotel Jans yn Riis de akkomodaasje foar skildergasten. In stikmannich lokaasjes moast ferwiksele wurde mei oare fanwegen de beheinde mooglikheden.

Keunstakademy Fryslân hat leskes, ynstruksjes en fideo’s op syn webside set, dy’t fergees te besjen binne. Dêrmei kriget elkenien de mooglikheid om him of har (fierder) te ferdjipjen yn tekenjen en skilderjen.

Om’t de oankundiging fan ‘e útwreiding in lette start betsjut foar de promoasje fan it stúdzjeprogramma, wurde spesjale iepen dagen plend op 13 en 14 juny, mei in tiidsslot en reservearre plakken. Op de iepen dagen kinne besikers de lessen en learkrêften fan de Keunstakademy moetsje. Yn lytse groepen kinne se meidwaan oan wurkateliers en ynformaasje krije oer de beropsoplieding en kursussen. De webside is yn dizze koroanatiid ekstra wichtich om ynformaasje út te wikseljen.

It hiele gebou is koroanaproof makke foar de simmerklassen en lessen dy’t yn septimber begjinne.

Foar mear ynformaasje en fragen kin skille wurde mei Doet Boersma op nûmer 06 – 5337 6674.

maaie 12, 2020 14:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.