Seis húsdokters bouwe oan bliuwende soarch yn Fryslân

maaie 13, 2020 08:43 Fernijd

Yn de earste omgong fan de subsydzjeregeling ‘Húsdokterpraktiken Fryslân’ hawwe fiif húsdokters in bedrach fan € 50.000,– takend krige en ien in bedrach fan € 25.000,–. Mei dy subsydzje draacht de provinsje Fryslân by oan ferbou of nijbou fan harren praktykromte. De húsdokters binne fêstige yn de gemeenten Waadhoeke, Smellingerlân, Ljouwert, It Hearrenfean en Súdwest-Fryslân.

Troud pear Eisinger, húsdokterspraktyk Tsjummearum (foto: Provinsje Fryslân)

Mei de subsydzjeregeling wol de provinsje Fryslân bydrage oan bliuwende húsdokterssoarch, no en yn de takomst. Deputearre Douwe Hoogland: “Wy sette spesifyk yn op it fuortsetten fan besteande praktiken en it fêstigjen fan nije praktiken fan húsdokters. Dat draacht by oan in goede sprieding en in goede berikberens fan soarchfoarsjennings yn hiel Fryslân.”

Foar dat doel is yn totaal € 636.000,– beskikber steld. Yn ’e hjerst fan 2019 is de earste omgong fan de subsydzjeregeling ‘Húsdokterpraktiken Fryslân’ úteinset. Mei dy subsydzje-omgong is € 325.000,- ferdield. Húsdokters yn Fryslân koene maksimaal € 50.000,- subsydzje oanfreegje foar it bouwen of ferbouwen fan harren praktyk, of maksimaal € 5.000,- foar it ynhieren fan in adviseur dy’t helpe kin mei it opstellen fan in húsfêstingsplan.

Twadde subsydzjeomgong
Húsdokterpraktiken yn Fryslân kinne fan septimber 2020 ôf nije oanfragen yntsjinje. De provinsje Fryslân stelt dan de restearjende middels à € 311.000,– beskikber foar in twadde subsydzje-omgong. Hoe’t de ferdieling fan de middels, beskikber foar nijbou/ferbou of it ynhieren fan in adviseur, útfalle sil, wurdt noch neier bepaald. Yn septimber is dy ynformaasje te finen op www.fryslan.frl.

 

maaie 13, 2020 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.