Bywurke: Achttjin minsken besmet by feest yn restaurant Moarmerlân

maaie 23, 2020 12:48

Foto: pixabay.com

Sân minsken lykje it koroanafirus skipe te hawwen by in weriepeningsfeest yn in restaurant yn de gemeente Moarmerlân (regio Lear) yn East-Fryslân. It is it earste gefal fan in besmetting yn in ytgelegenheid sûnt de restaurants yn de dielsteat Nedersaksen twa wike lyn wer iepen mochten. Yn elts gefal fyftich minsken moasten yn karantêne nei’t de besmettings fêststeld wiene.

Dútslân kundige op 20 april oan dat dielsteaten beskate koroanamaatregels ferromje mochten. De restaurants yn Nedersaksen moasten by it iepengean op 11 maaie de nedige foarsoarchsmaatregels treffe. Der moat in ôfstân fan twa meter tusken de tafels sitte, obers moatte mûlekapkes drage en klanten moatte har nammen, adressen en telefoannûmers efterlitte, sadat se maklik trasearre wurde kinne by in ynfeksje.

Bywurke 25 maaie 2020: It tal koroanabesmettings nei it feest yn it restaurant yn Moarmerlân is oprûn nei achttjin. It tal minsken dat yn karantêne moat, is oprûn nei 118. Fan de minsken dy’t yn karantêne moatte, hawwe guon al koroanaferskynsels. In part fan de lieding fan de grutte skipswerf Meyer moat ek yn ôfsûndering, om’t de persoanielssjef op it feest oanwêzich wie. Besikers fan it feest sizze dat yn it restaurant koroanaregels oertrêden binne. Sa soene gasten of personiel fûstke hawwe, net genôch ôfstân holden hawwe en gjin mûlekapke droegen hawwe. De lokale autoriteiten ûndersykje de berjochten. It restaurant soe in boete fan 25.000 euro krije kinne.

maaie 23, 2020 12:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.