Sa kenne wy de VVD wer

maaie 12, 2020 14:54

Ynstjoerd

Hjoed litte Klaas Kielstra en Durk Pool fan de Steatefraksje fan de VVD yn in ynstjoerd stik yn de LC sjen hoe’t dy partij foar it Frysk oer stiet*. Hja reagearje op in Te Gast yn deselde krante fan 6 maaie [redaksje: en op It Nijs, sjoch Een symbolisch dialect] fan trije jongelju dy’t sjen litte dat as it nypt it Frysk oan ’e kant reage wurdt. Yn harren stik doele se op frou De Graaf fan de GGD Fryslân, dy’t mient dat se har ferhaal foar Omrop Fryslân perfoarst yn it Hollânsk dwaan moat.

De trije manlju ha neffens my gelyk. Frysk mei bêst in plakje ha yn de Fryske mienskip, mar as it der echt op oankomt, dan biuwt dy taal ûnder de mjitte en moat der skeakele wurde nei it Hollânsk. Dat is in konstatearring fan it trijemanskip. My tinkt dat se de spiker op ’e kop slane. Dat is ús hjir yn Fryslân fansels al mear as twahûndert jier yndruid. De taal fan de polityk, de tsjerke, de skoalle ensafuorthinne is yn ’e kearn Hollânsk en nei de oarloch mei in rântsje Frysk. De ‘sljochtweihinne Friezen’ ha dat akseptearre en steure har der net oan. Dat wie it boadskip. Dan kinne der noch safolle Bestjoersôfspraken makke wurde, mar wat sa djip bewoartele is yn it moed (yn de betsjutting fan: it inerlik, binnenste fan ’e minske) sil net maklik feroarje. Wat dat oanbelanget sille ús VVD’ers fan hjirboppe har dêr tige by thúsfiele. Mar it stiet wol heaks op de moaie praatsjes yn de Steaten dat se o sa foar it Frysk binne.

Doe’t ik dat stumperich gedoch fan frou De Graaf hearde doe’t se sei dat se no mar yn it Hollânsk oergean moast, want “dan kan iedereen mij verstaan”, kaam my dat ‘fertroud’ oer. Tagelyk kamen der wat fragen nei boppen driuwen:

  • Soe hja dat sels betinke of is it har oplein, en troch wa dan? Ik tink net dat it by ús kommissaris weikomt. Komt it út De Haach? Komt it dan wol oerien mei oare ôfspraken oer de Fryske taal?
  • Jildt it dan net foar Wim Kleinhuis, direkteur fan de Feilichheidsregio Fryslân, dy’t syn ferhaal wol kreas yn it Frysk docht?
  • Wa harket nei Omrop Fryslân dy’t mient dat er gjin Frysk ferstiet? Mei oare wurden: foar wa docht frou De Graaf al dy muoite?
  • Soe it wol wier wêze dat elkenien har no ferstean kin? Dat jildt dan perfoarst net foar asylsikers. Dan hie frou De Graaf miskien better foar it Ingelsk kieze kinnen.

Dochs spitich foar dy earme lju dy’t gjin Frysk fersteane,dat se de fragen fan de meiwurkers fan Omrop Fryslân no misse. Dy ferbrekke har net en prate gewoan (!) Frysk. Salang’t it Frysk net oeral yn de provinsje brûkt wurde kin, sil der fan lykberjochtiging gjin sprake wêze. In saak dêr’t de VVD’ers mei wurden achter stean sille, mar it is mei sizzen net te dwaan. Dat wie it boadskip fan it trijemanskip en dêr hoege se har net foar te skamjen lykas Hospes fan Balk wol.

Jabik van der Bij

*Redaksje: Kielstra en Pool toane begryp foar de krisismanagers en tsjinje ‘de trije manlju’ (Aant Jelle Soepboer, Chris van Hes en Sijbe Knol) fan replyk: “Dit is nu typisch een geval van iemand die zich druk maakt om de temperatuur van het bluswater wanneer het huis in brand staat. Er is een noodsituatie in Nederland, in Friesland, zoals we deze nog niet hebben meegemaakt. Hier zijn geen protocollen, noch draaiboeken voor. Dat je in een dergelijke situatie de beslissing neemt om de taal te gebruiken waarmee je een heel land direct weet te bereiken, ligt dan voor de hand.”

maaie 12, 2020 14:54
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Joute De Graaf maaie 12, 16:25

    Folslein mei iens. Wat dy mefrou sei wie ek noch tige klisjeemjittich.Yn dy betsjytting hie se it ek wol yn it Sinees skriuwe kinnen. Mar dan hienen ús vvvd-pommeranten it ek net lêze kinnen

  2. mbc84 maaie 12, 20:09

    Net dat ik fan de VVD bin, mar wat hat dy PvdA eins betsjutten foar it Frysk? Jierren hawwe se oan it roer sitten, en sjoch wêr’t wy binne mei it Frysk (en sjoch wêr’t oare minderheidstalen yn Europa binne hjoeddedei). En de FNP, dy’t gewoan in PvdA-filiaal is, binne ek fan it tuikje-tuikje. Net te gek, je koenen ris samar foar nasjonalist útskeld wurde…
    De hiele Fryske polityk hat drokker dwaande west mei of it folgjende baantsje yn De Haach of mei hoe’t se mar sa polityk-korrekt mooglik foar it ljocht komme (en Frysk ûnder it Hollânske sette)

  3. Sybren maaie 13, 11:15

    It is in kultureel probleem, slaan as de elitetaal it Hollansk is, rjuchtet ek de Fries him derop om sosjaal foarut te kommen. Fander dat it sa wichtig is dat Brok konsekwint Frysk praat, ek Hollansk, mar as twadde taal. It probleem is dat de Fryske kultuur egalitaristysk is en dizze hâlding net natuerlik foar de measten is.

  4. Rommert Tjeerdsma maaie 13, 12:33

    GGD Fryslân brûkt net alline it Hollânsk foar de corona-ynformaasje mar ek it Ingelsk, neffens syn eigen website. Dêr haw ik perfoarst gjin muoite mei, it is ommers in needsitewaasje en men wol safolle mooglik minsken berikke.
    Mar dat is wat oars as de fiertaal fan de mearderheid fan de befolking (en fan it Omrop Fryslân-publyk) mei opset sin net brûke. It wurd “diskriminaasje” wurdt wolris te gau brûkt, mar dat fyn ik hir wol fan tapassing.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.