Rinrûten yn de binnenstêd fan Ljouwert

maaie 19, 2020 08:25

Sûnt sneon 16 maaie hat de gemeente Ljouwert rinrûten yn de binnenstêd. Dy soargje derfoar dat besikers inoar mei oardel meter foarbyrinne kinne. De rinrûten jilde yn de wykeinen (sneon en snein) fan 12.00 oant 17.00 oere en op hjeldagen (Himelfeartsdei en Pinkster). Troch de ferromming fan de koroanamaatregels komme der mear besikers yn de binnenstêd om te winkeljen. De winkelstrjitten Nijstêd en Wurdumerdyk binne dêrtroch soms hiel drok.

Boarne: Gemeente Ljouwert

De rinrûten
Nijstêd: de ienrjochtingsrinrûte fan de Wurdumerdyk ôf nei de Nijstêd giet oer de drokke kant (kant H&M, C&A) rjochting de Froupoarte.

Wurdumerdyk: fan it Beursplein ôf giet de rinrjochting de stêd yn rjochting de Nijstêd op de Wurdumerdyk oan de kant fan de krusing mei it Ruterskertier (kant Kruidvat). De kant fan de McDonald’s is rinrjochting de stad út/fan de Nijstêd (Spar) rjochting Beursplein.

As in winkel oan de oare kant fan de strjitte yngien wurde moat kin it publyk oerstekke.

Gasthearen en -froulju yn de binnenstêd en de Prinsetún
Yn de binnenstêd en yn de Prinsetún binne yn de wykeinen en op hjeldagen gasthearen en -froulju. De Prinsetún lûkt nammentlik in soad besikers. De gasthearen en -froulju attindearje minsken derop om ôfstân faninoar te hâlden en wize minsken op de rinrûten op de Nijstêd en Wurdumerdyk. Yn de Prinsetún wize se besikers op net-winske situaasjes wannear’t bygelyks minsken op kleedsjes en bankjes te ticht byinoar sitte.

Mear romte op de sneonsmerk
Sneons is de Nijstêd autofrij. Dan kriget de merk (foar in part) op de dyk plak om mear romte te meitsjen foar besikers. Foar helptsjinsten bliuwt der altyd genôch romte oer.

maaie 19, 2020 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.