Provinsjale 4 maaiebetinking

maaie 3, 2020 08:57 Fernijd

It bestjoer fan de stifting Betinking 4 maaie hat yn gearwurking mei mediapartner PodiumTV/NDC Mediagroep in programma gearstald foar de betinking fan de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. It programma is oanpast oan de maatregels dy’t fan krêft binne fanwegen de koroanakrisis. Dat betsjut ûnder mear dat de betinking yn de Prinsetûn sûnder publyk wêze sil.

Foto: pixabay.com

It publyk wurdt oproppen thús te bliuwen en de betinking streekrjocht te folgjen fia de kanalen fan NDC/PodiumTV + stream en fia Omrop Fryslân TV + stream. It programma is in miks fan foarôf opnommen ûnderdielen en fan streekrjochte programmaûnderdielen. Fanwegen it bysûndere karakter yn koroanatiid wurdt twa kear nei de betinking op de Dam yn Amsterdam skeakele. Utstjoerd wurdt de krânslizzing troch de Kening en Keninginne en de taspraak fan Kening Willem Alexander.

It programma set útein mei it útstjoeren fan in koarte dokumintêre dy’t spesjaal opnommen is foar de betinking fan 75 jier frijheid. Yn de dokumintêre wurdt de sjogger meinommen nei in tal karakteristike plakken yn de provinsje, dy’t in ferhaal oer de Twadde Wrâldoarloch fertelle. Tsjin 20.00 oere begjint it programma streekrjocht út de Prinsetún wei. Dêr binne de neikommende ûnderdielen: gedicht troch Loïs From, learlinge havo 4 fan it Gomaruskolleezje mei as titel ‘Hoop om vrij te zijn’; trom mei in floers derom troch Auke de Haan, Taptoe troch Sanne Vrendenbarg; twa minuten stilte; twa kûpletten fan it Wilhelmus songen troch Iris Kroes.

Dêrnei is de krânslizzing. Kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Sybrand Buma lizze tegearre in krâns, dit jier mei út namme fan alle ynstânsjes, organisaasjes en partikulieren dy’t net oanwêzich wêze kinne. Berneboargemaster Sienna van Borkulo en loko-berneboargemaster Mees Kamminga lizze blommen út namme fan alle bern.

De taspraak fan Kening Willem Alexander wurdt streekrjocht yn de útstjoering meinommen en oanslutend sprekt Kommissaris fan de Kening Arno Brok in betinkingstaspraak út.

maaie 3, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.