Pippi Langkous 75 jier

maaie 30, 2020 08:36

Ofbylding: Utjouwerij Ploegsma

It is dit jier 75 jier lyn dat it earste Pippi Långstrump-boek fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren útkaam. Ta eare fan dat jubileum hawwe The Astrid Lindgren Company en Save the Children de hannen yninoar slein. Mei-inoar lansearje se de ynternasjonale kampanje ‘Pippi of Today’, dêr’t omtinken yn frege wurdt foar de helden fan no: bern op ’e flecht of mei in flechteftergrûn.

Om de jierdei fan it sterkste famke op ’e wrâld te fieren, ferskynt op 3 juny it boek Pippi Langkous is jarig, in spesjale jierdei-edysje fan it boek fan Astrid Lindgren. Troch it boek te keapjen, genietetet men fan de stoere ferhalen fan Pippi en stipet men fuortdaliks bern dy’t op ’e flecht binne of wiene.

Oer Astrid Lindgren en Pippi Langhoas
Astrid Lindgren is ien fan de bekendste skriuwsters op ’e wrâld. Har earste boek, Pippi Långstrump, kaam út yn 1945. De boeken binne yn 49 talen oerset. Der binne ek films, musicals en toanielstikken fan makke. En fansels in ferneamde Sweedsk/Dútske telefyzjerige, foar it earst útstjoerd yn de jierren 1969 – 1971 (yn Nederlân neisynchronisearre yn 1972). Mei har oranje frissels, noas fol sinnespruten en boppeminsklike krêften groeit Pippi Langhoas út ta in foarbyld foar in protte minsken.

Sjoch op de webside fan Save the Children foar mear ynformaasje.

maaie 30, 2020 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.