Pinksterfeest 2020: Gods help yn bange tiden

maaie 31, 2020 07:00 Fernijd

Meditaasje

It minskdom tizet wakker om mei de fraach: Hoe is God wurksum yn de wrâld? Yn bange dagen wurdt dy godsfraach driuwend. Ik fyn altiten stipe en hope yn ien fan de lêste wurden fan Jezus: ‘Bliuw dêrom yn ’e stêd, oant jimme tarist binne mei krêft fan boppen.’ Dat stiet yn Lukas 24,49 en Lukas werhellet it yn syn Hannelingen fan ’e Apostels 1,8: ‘Mar jimme sille fersterke wurde troch de hillige Geast dy’t oer jim komt, en jimme sille myn getugen wêze yn Jeruzalem en yn hiele Judéa en Samaria en oan ierdryks einen ta.’ Hjir heare wy dat de hillige Geast fan God in wrâldwide universele krêft is.

‘Bliuw yn ’e stêd’ betsjut foar my: bliuw midden yn it libben stean, bliuw ûnder de minsken, bliuw sichtber, beskikber mei it goede nijs dat God soarget foar de wrâld. ‘Bliuw yn ’e stêd’ betsjut foar my: net de moed opjaan, net ôfdwale of op ’e flecht gean, mar derfoar stean. Sa’t Jezus yn harren midden stie, sa moatte de learlingen midden ûnder de minsken bliuwe. It kin betsjutte: bliuw midden yn it libben, kies foar it líbben en gean dêrmei troch, ek yn bange dagen, ek yn libbensgefaar, ek yn djip fertriet.

Dan komt, en dan ís dêr: krêft fan boppen. Mei dy krêft, hillige Geast, helpt God ús en de wrâld. Dêrom begjint in kristlike gearkomste mei: ’Us helper is de Heare’ (Psalm 124,8). Wy binne doopt mei de hillige Geast, krekt lykas Jezus’ learlingen. Mei it pinksterfeest (Hannelingen 2) klinkt de stim fan God yn flammen fan fjoer en elkenien begrypt dy stim yn de eigen memmetaal. Dan sprekt, nota bene Petrus, de mannichte ta en fertelt oer dy krêft fan boppen. It stiet prachtig moai beskreaun yn Hannelingen 2,14-40. Nei Petrus syn wurden litte ‘tûzenen lju harren dope en brekke it brea en wije harren oan it bidden en lofsjongen.’

De koroanapandemy twingt ús – omdat libbens op it spul steane – ta feroaring fan ús hâlden en dragen. Need leart bidden. Pinkster seit dat wy ek yn frijheid kieze kinne foar it ûntfangen fan krêft fan boppen. De learlingen wiene radikaal: se ferkeapje harren besit, jouwe de opbringst oan wa’t it nedich hat, se bidde deistich yn de timpel, se libje en ite mei-inoar yn ienfâld en freugde, se loovje God.

Hjir hearre jo eins wat tsjerke-wêzen is. Fanwege ‘social distancing’ komme wy net byinoar, mar gebed en lofsang geane troch, om’t wy fertrouwe op de tassizing fan Jezus, dat God ús en de wrâld neiby is mei krêft fan boppen. Dy krêft is in geskink, in belofte. Wa bin ik om dêr net op te fertrouwen, sa’t minsken fóár my dien hawwe?

‘De wrâld kin feroarje’ seach ik op in boerd fan in demonstrant. Dat God helpt betsjut net dat God alles oernimt en oplosse kin. God hélpt ús, om te libjen nei syn bedoeling. Fertrouwe op de Geast freget fan ús dat wy trochtocht dingen oars en better dogge: oars sprekke, oars dwaan. Dat slagget my de iene dei minder goed as de oare. Mar ik besykje altyd wer myn bêst te dwaan, alhielendal foar wa’t net foar himsels opkomme kin.

Pinkster yn Easterbierrum (foto Ulbe Tjallingii)

Fedde Schurer seit it sa:

Wy tankje Jo, o God en Heare,
dy’t wenje yn ûntagonklik ljocht,
dat Jo yn ’t wurd jo ta ús keare,
jo leafde hat ús altyd socht.
No sil in nije moarntiid rize,
sa bliuwt jo treast ús noait ûntsein,
en wat ferburgen bleau foar wizen
ha jo foar berntsjes iepenlein. (Liet 315)

Goede pinksterdagen tawinske!

Ulbe Tjallingii, Easterbierrum

maaie 31, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.