Pakes comeback (9)

maaie 11, 2020 10:44
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Douwe: Wat krije we no? Wurdst no noch wer autoritêr op dyn âlde dei? Komt dat troch dy âld tsiiskop, of sa? It wurdt steeds gekker!

Sytske: No, jonges, gjin panyk. Ik bin it heus wol mei jim iens. Ik sit der fansels krekt like min op te wachtsjen as jimme dat er hjirre in skoft by yn komt te wenjen. Dus ik sil him moarn fertelle dat er dit wykein noch wol bliuwe kin, mar dat er dan echt wer werom moat.

Nynke: Wat solst jûn dan, Douwe?

Douwe: O, ik sol ris even rûnbelje wêr’t we telâne kenne.

Nynke: No, dan jou ik my ik au.

Sytske: Kinne jim no net even gesellich thúsbliuwe by dy earme âlde man?

Nynke: No, dat liket my dus net echt in heel erch goed idee.

Douwe: Bliuw do mar moai sels thús. Gesellich seit se. Mei dy âld brombear hjir op ’e bank, seker? Dream on! Dy sucker dy leeft yn in oare weareld. Ik ken him trouwens de helt fan de tiid net iens folgje. Ik wit net wat er allegear belult yn syn, syn…

Sytske: Aldfrinzige taal? Sochtest om dat wurd, âldfrinzich?

Douwe: Nee, hâld op. No ferstean ik dy ik al net mear.

Sytske: No, dat is toch wol tryst. Dan is it krekt wol learsum foar dy om ris wat mear mei him te praten. Kinst noch wat geef Frysk leare.

Douwe: Gean wei, jù. Wat hè ’k dêr no an. Ik ken fierders net ien dy’t sa faach praat. En dy âld seur ferstean ik lauwer net; hy het toch niks te fertellen dat boeit. Ferjit it mar moai. Ik hè der ábsolút gjin nocht an, om hjir de hele jûn mei dy âlde teringlijer te sitten.

Nynke: No, en ik ik net. No way! Ik mut leare en dan hè ’k fanself gjin tiid foor onfersteanber gewauwel oer froeger. Jim fuort te feestfieren terwyl ik it ferskriklike drok hè en dan sol ík der foor opdraaie, tink, for crying out loud! No, moai net.

Sytske: No, jim moat it mar witte. Ik moat my noch even opknappe.

Douwe en Nynke pakke beide harren mobile telefoans en rinne fan it toaniel ôf. Wylst hearre we noch krekt it begjin fan harren telefoanpetear. Sytske hellet ûndertusken de taart út de oven en docht dy hastich mei de klearmakke hapkes yn tassen.

Douwe: Patrick? Mei Douwe, hoeist, jong? Wêr bist?… Nope, thús… No, matich…. ja, hest it noch net heard? It is hjir jûn off limits…. Yep, it sukt hjirre behoarlik….. Dus we mutte wat oars betinke. No tocht ik, kenne we jûn net ris in kear by dy thús telâne foor it chillen?…. Ê jù, skraper dyst biste, do hest ommers altyd wat… Ja, fok joe, man, betink dan wat…. Hm, nei Michael…. ja, dat is wol in goeie gast. En syn suster is in lekker mokkel…

Nynke: Pamela? Hai, mei Nynke. Bist thús?… Hoe giet it mei dyn Dútsk?… Nee, ik ken my ik net goed konsintreare. No tocht ik krekt, at wy tegeare no ris gongen sitten?…

Tagelyk rint Sytske ek fuort en komt pake, wer mei in hân fol blêden, der wer troch de foardoar yn. Hy skoddet syn paraplu ôf, hinget syn jas op en ropt yn de doar.

Pake: Boeske, no moast der mar wer yn komme, hear, want al dat minne waar is ek net goed foar de stress.

Bush komt deryn en jout him mei pake del op de bank.

(moarn fierder)

maaie 11, 2020 10:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.