Pakes comeback (8)

maaie 8, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Ja, dat wie ik al fan doel, ja. Wat moat ik oars. Hoe no?

Douwe: Nee, niks, eh… ik gean jûn furt, dus dan sol ik gau Bush mar even útlitte.

Pake: Boes?

Douwe: George W. Bush. Us hûn.

Pake:   Oong. Mar sil ik dan net efkes meirinne? Ik wol my hjir dochs noch in bytsje mear oriïntearje. Want dêr wie ik krekt oan ta mei myn reisferslach. Yn it lêste stik mei de bus besocht ik út te finen op wat stik lân dizze útbuorren einliks lizze. Ik tocht dat dit doedestiids fan boer Braaksma wie, mar ik bin der net wis fan. Dat ik woe wol ris sjen oft ik noch gewaarwurde kin op waans lân dit hûs einliks stiet.

Douwe: Oh, mar dan wyt ik it noch better, dan ken jó wol gean, dan sol ik noch even in pear maten belje. Wacht, ik sol Bush even roppe.

Pake: Mar mei ús beiden is it wol geselliger, fansels.

Mar Douwe is al fuort en komt daliks werom mei in nuver bist.

Douwe: Kom mar, mister Bush, kom mar.

Bush: Tsjilp, tsjilp, tsjilp.

Pake: Sûnt wannear tsjylpje hûnen?

Douwe: Sinds se makke wurde troch minsken. It is in robodog. It nijste snufke út Japan.

Pake: Mei ik riede? Ek fan jim heit krigen, tink? En ôfgryslike djoer, tink?

Douwe: Ja, mar dêr krijt men dan ik wat foar. In hûn dy’t net blaft, net skyt en gjin iten hoecht, allinnich wat stroom en hy mut op tiid útlitten wurde. Mar dat is bedoeld om de stress by it baaske tsjin te gean.

Pake: No, dat is dan faaks wol goed foar my, nei alles wat ik hjoed meimakke haw. Mar eh,… moat ik net in gebrûksoanwizing mei hawwe?

Douwe: Pake ken der krekt sa mei omgean as mei in normale hûn.

Pake: No, dan moatte we dat mar ris besykje. Kom mar, eh, Boes.

Bush: Tsjilp, tsjilp, tsjilp.

Pake jout him ôf mei de hûn. Hy nimt syn paraplu mei en der komt wer in hânfol blêden nei binnen at er de foardoar útgiet. Dan ropt Douwe om Sytske en Nynke en dy komme der al gau oan.

Sytske: Wat is der? Ik ha net sa folle tiid, want Karel kin elk momint komme om my op te heljen.

Douwe: Ik wol earst witte hoe’t dat sit mei dy âld kearel. Wat docht er hjirre? Dy swerver dy rint my yn it paad. Dus ik hoopje dat er gau wer opsoademitert.

Sytske: No, net sa raar.

Nynke: Hoesa rint er dy sa yn it paad? Of hiest foor jûn, at Sytske fuort is, miskien wer sa’n ranzige sûp-orgy pland mei dy frustrearde pubers?

Sytske: Dy sûperij soest mei ophâlde. Dat ha wy goed ôfpraat. Dat is net gesond. En jim pake hat krekt syn frou ferlern. Dan mei er hjir toch wol in pear dagen wat ôflieding sykje?

Nynke: Ik leau allinnich net dat it by in pear dagen bliuwt.

Sytske: Wêrom net?

Nynke: Hest net sjoen hoefolle koffers at er by him hie? En toen ik der wat fan sy, hie hy it deroer dat hy net werom woe nei it bejaardehús.

Sytske: Wátte?!?

Douwe: Jezus Kristus! En do helpst dy brike kankerlijer ik noch om dy koffers nei binnen te sjouwen?

Nynke: No, ik koe him toch moeilik bûtendoar yn it reinwetter litte stean, wol?

Sytske: Nee, fansels net.

Douwe: Mar kenne jim wat mei dy âld mongool, dan?

Nynke: Nee, wat tochtst no. Hy het oars net dien as seure dat alles froeger better wie. En hy het kommentaar op hoe’t wy mei elkoar omgean en op myn praten en myn klean. Wêr bemoeit dy lomperik sich mei?

Sytske: Ja, no, it is ek net sa frjemd, fansels dat er wat raar tsjin ús húshâlding oan sjocht. Foar in man fan syn jierren giet it der hjir natuerlik nuver om wei. En hy kin ek net witte datsto in bytsje gefoelich bist oer dyn úterlik, Nynke.

Douwe: No net ôfdwale. Dat gekrimmenear hè we niks an. Dy âld sek moat opsâltsje, dêr giet it om.

Sytske: In bytsje respekt, Douwe! Dat soarte wurden wol ik hjir yn dit hûs net hearre.

(kommende moandei fierder)

maaie 8, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.