Pakes comeback (7)

maaie 7, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Wat is dermei bard, seiste?

Douwe: Crashed. Eh, hy is stikken. Dat no mutte we it dwaan mei it âlde ragbakje yn de keuken. En Sytske mut daliks ik noch even maile, leau ’k. Dus ik mut gau wer fierder.

At Douwe wer nei de keuken rint, komt Nynke wer op om har glês nochris fol te jitten. Sy bliuwt ek stean.

Nynke: (suchtet) No, moai kut, hear, dy Dútske grammatika.

Pake: Ik bin bang dat ik dy net helpe kin, mei Dútsk ha ’k nea net folle op hân. Mar wat hast noch mear foar tentamens?

Nynke: Fektormeetkunde, gemise termodynamika, rurale sosjology.

Pake: Hm, dat komt my allegearre net sa bekend foar.

Nynke: No, ik hew it der lauwer ik net oer. Eh, wat seinen jo no sakrekt? Hè jo beppe by it stasjon foor it earst sjoen?

Pake: O, hie ik it dêr mei dy oer? Ik kin it net sa goed mear byhâlde wa’t ik wat fertel. Nee, dêr ha ’k har frege.

Nynke: OK dan.

Pake: Ik moete har foar it earst op it merkplein, dêr hongen wy altyd wat om, op sneintemiddei. Mar dat is yndied ek in plak dêr’t ik hjoed noch in amerij om my hinne sjoen ha. It wie yn de maitiid, hja wie mei in pear kammeraatskes en lake nei my. Ik kin it noch sa foar my krije. It wie kostlik waar en de kûtsebeammen stiene yn ’e bloei.

Nynke: Wát foor dingen?

Pake: Fluitebeam, wurdt ek wol sein. (it is dúdlik dat dat Nynke ek neat seit) Kraalbeibeam, seit dy dat wat? Nee? Kwits? Allegear itselde. Hippertsbei? (Nynke lûkt oan de skouders en skoddet de holle) Fluitsjehout? Der binne oars nammen genôch foar. Kûtsekraal? Leare jim neat mear op skoalle? Kwikkebeam? Of gean de nammen de beammen sels efternei? Want dy binne dus omhakke. En se ha de dyk der op ’e nij ynlein en der ien grut parkearplak fan makke. Ja, der is nuver yn omreage. Ik hie der trije kear yn it reinwetter by del kloatsekke, foardat ik yn ’e gaten krige dat ik der al wie. Ik waard der suver raar fan. Ik sei niissa al tsjin dyn broer – of wie it jim mem? – dat we ek altyd sa moai yn de maitiidssinne oan de Molewyk sieten en dat it no sa’n drokke strjitte is. It is dochs gemien dat se in âld man syn dierbere plakken ôfnimme? Soks moast dochs ferbean wurde?

Nynke: Ja, OK, mar der mut ik parkearplak wêze, pake. En it liket wol as wie it froeger allinnich mar lente en moai waar, at je jo sa hearre. It wie toen toch ik wol ris hjerst en it reinde fast ik wol sa no en dan? Mar goed, no mut ik wer fierder hear. Doei.

Nynke wer ôf, pake sit even te prakkesearjen en dan komt Sytske wer út de keuken wei.

Pake: Ik wit net at der noch wat yn de treppot sit, hear, want der wurdt wakker út tape.

Sytske: Nee, dêr kaam ik ek net foar. Eh, ik woe freegje, wat bin heit syn plannen?

Pake: Plannen?

Sytske: Ja, foar jûn, bedoel ik. Sjoch, ik bin der net en ik wit net krekt wat de bern fan doel binne.

Pake: O, lûk jim fan my mar neat oan. Ik fermeitsje my wol, jù. Mar ris sjen. Moat ik oars noch earne helpe, mei it iten of sa? Dêr ha ’k lykwols net safolle ferstân fan, jim mem woe my der noait by ha, mar toe mar. Jirpels ôfdreagje, dat wie har te swier, dat dêr ha ’k wol ûnderfining mei. Hoe let ite jim einliks?

Sytske: No, ik meitsje hjoed gjin iten. Mei-inoar ite slagget lang net altyd mear. De bern wisten it al, se sille hun wol rêde. Mar oars moat heit it mei hun mar even koartslute.

Pake: Wát moat ik mei harren dwaan?

Sytske: Eh, heit moat mar wat mei hun ôfprate. Oer jûn. Dan sil ik my even ferklaaie.

Pake: Ik wie oars omtrint oan it lêste eintsje fan myn reis hjirhinne ta.

Sytske: Aanst mar.

Sytske ôf. Pake giet oerein en rint nei Douwe ta, dy’t noch hieltyd oan de kompjûter yn de keuken sit.

Pake: Dus dat is no surfen.

Douwe: Nee, ik wie no krekt even an it e-mailjen.

Pake: Ja, ja, dêr ha ’k ek wolris fan heard. Hoe giet dat no, sok eh, eameljen?

Douwe: No, ik set ’m krekt út. Eh, wat binne jo plannen einliks?

Pake: Plannen?

Douwe: Ja, eh, jo bliuwe hjir jûn seker?

(moarn fierder)

maaie 7, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.