Pakes comeback (6)

maaie 5, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Op sa’n manier fertutearzet it Frysk ommers hielendal en giet it hieltyd fierder fan ús ôf en op it lêst fernimt men it ferskil net mear mei it Hollânsk. It wurdt allegear itselde. Lykas hjir yn it plak. Ik moast dêr oerstappe op in oare bus, dus ik tocht, ik sjoch ris wat om my hinne, mar ik koe hast net ien winkel werom. Yn stee dêrfan is it der in toarre boel wurden. Wy wiene ferline jier noch mei ús dei frij reizgjen mei it spoar nei Swol. No, dêr seach it der krekt sa út. Men sjocht gjin ferskil mear tusken in winkelstrjitte yn de iene stêd en de oare. Der wie noch ien winkel hjirre dêr’t ik fan miende dat ik dy weromkoe, dy fan Pyt Sigaar. Dat doe tocht ik, ik gean even om in pakje prûmtabak. Ik gie eartiids altyd nei Jan Sigaar, mar ik ha letter wol heard dat syn soan de saak oernommen hie. Dat kin dochs net mear as tweintich jier lyn wêze. Dus ik tocht, dy is der noch wol, hy is noch lang net oan syn pensjoen ta.

Sytske: (ûngeduldich) Wat in nuvere nammen. Mar heit, ik moat……

Pake: Dat binne bynammen fansels. Mar ik tocht do silst dy noch wol kenne. Afijn, Pyt wie der net. Der stie in oare keardel dy’t ik net koe en dy’t mar kwealik sin hie om my te wurd. En hy hie gjin prûmtabak. Wêr is Pyt, frege ik. No, dy koed er net. Hy wie oars net as in, eh, hoe neamde er it, in fi-li-aal-ma-na-ger (hy sprekt it út sa’t it skreaun wurdt). Ik sei, wat is my dit foar in tabakswinkel dy’t net iens prûmtabak yn foarrie hat en dêr’t it personiel net wit wat klantfreonlikens is. Doe joech menear de ma-na-ger (wer) my in klachteformulier dat ik opstjoere koe oan it haadkantoar.

Sytske: Ik bin bang dat prûmtabak wat út ’e tiid is. Mar jo prúmkje toch al jierren net mear? Ik wit noch dat ik in puber wie en dat der ynienen in kwartsje by de tabak opkaam en dat fûnen jo sa skandalich dat jo der fuortendaliks mei opholden binne.

Pake: Ja, je. Mar ja, jù, ik wie sa bliid dat ik, neidat ik der in kertier omstapt hie, dochs noch ien winkel weromkoe. Dat ik waard wat sentiminteel en doe tocht ik, ik keapje wer ris prûmtabak. Boppedat lykje de prizen no wer âlderwetsk. At men net nei it falutateken sjocht, bedoel ik.

Sytske: No, it is mar goed dat se dat guod net mear op foarrie hewwe, want prûmkje is hielendal net gesond. Mar no moat ik even sjen hoe’t it mei myn taart giet. En dan noch wat hapkes meitsje.

Sytske wer nei de keuken mei har tee, giet fierder mei har hapkes (en rêd letter de boel wat op). Tagelyk komt Douwe dêr wer wei om syn glês wer ris fol te jitten. Hy bliuwt ek stean.

Douwe: (ôfwêzich) Mar eh, it wie dus allegear wol slagge mei de bus?

Pake: Ja, bêst. Mar ik fertelde niiskrektsa oan jim mem – of wie it oan dyn suster? – dat ik by it oerstappen yn de stêd sa’n bytsje weromkoe. Hast gjin winkel yn de buorren is itselde as yn de tiid dat ik dêr noch in soad kaam.

Douwe: Wêr bedoele jo?

Pake: Yn de buorren. (Douwe sjocht net altyd net-begripend) Yn it sintrum fan it doarp; no ja, ik moat no stêd sizze.

Douwe: Oh, sis dat dan.

Pake: Mar it nuvere is dat dy winkels wol allegearre krekt itselde binne as yn Swol. Dêr ha dyn beppe en ik ús lêste útstapke makke. Nei’t hja stoarn is hie ’k noch sa’n ôfgryslike spyt dat we net yn stee dêrfan hjirhinne tein wiene om ús plakjes – om sa mar ris te sizzen – nochris op te sykjen. Mar it is mar goed. Want it is allegearre fuort. Ik ha in hiel skoft socht om de Molewyk. Dêr sieten we yn de maitiid mei ús beiden altyd oan de kaai ûnder in blomkjende smoarbeibeam.

Douwe: Wat foor beam? Ik leau net dat we dy behandele hewwe mei biology.

Pake: Hagedoarn, wurdt ek wol sein.

Douwe: Seit my ik gjin fuk.

Pake: Mar der is neat mear fan oer. Gjin wetter, gjin kaai en gjin beam mear te bekennen. It iennige natuerlike wiene no in pear bledsjes dy’t der mei de stoarm hinne waaid wiene. En it hjit no fan Dimpte Molewyk.

Douwe: No, mar dan hè ’k goed nijs foor pake, want se prakkeseare deroer om dy gracht wer iepen te graven.

Pake: Is dat werklik wier? Ja, sa kin der moai wat trochpield wurde troch de oannimmers, fansels. Mar wat in ûnsin om sa’n grêft earst ticht te goaien en dan wer iepen te dollen. En och, lykas doe wurdt it nea wer, dat kin ’k my net yntinke. It is der no sa’n kâlde boel. Allinnich mar stien en asfalt. Dy skoandere hagebeammen, dat meitsje ik net mear mei foardat dy der wer sa moai by steane.

Douwe: We mutte it der in oare kear noch mar ris oer hebbe, pake, ik hè no gjin tiid, ik bin drok an it surfen. En dan mut Sytske de kompjûter fanself ik krekt wer brûke. Ferrekte ferfelend, sa’n surfsmurf yn ’e hús. Ik hè ferline wike in nije kompjûter krigen fan Piter, mar dy is no al wer crashed.

(tongersdei fierder)

maaie 5, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.