Pakes comeback (5)

maaie 4, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Slagget it wat mei dyn húswurk, fanke?

Nynke: Nee, dat is êêcht net fijn, ik snap der gjin fuk fan. Dat ik tocht, mar even pauze.

Pake: Just, ja, in amerijke kin wol helpe. Dan giet it miskien aanst better. Ik hearde datsto in nije auto krigen hast fan jim heit, omdatst dyn rydbewiis helle hast.

Nynke: Ja, fette onsin fanself, sa’n mega-kado. It is in fonkelnije bak! Mar dat komt, Piter fielt him skuldich dat er fuort gong is en dat wol der aukeapje. En hy mut ik opbiede tsjin Sytske. Se dogge beiden fet hun best om by ús yn de gunst te kommen. Piter probeart ús te paaien mei doekoe.

Pake: Mei watte?

Nynke: Eh, troch mei jild te smiten. Fan ’t simmer het er Douwe en my meinaam nei Súd-Amearika en oar jier wol er nei Sina. En alle kearen dat er mei ús aupraat, mutte we nei in héél djoer restaurant.

Pake: Ja, ja. No, dat treffe jim dan mar.

Nynke: Ja, dy reiskes binne fet need, fanself, mar dy fage restaurants fyn ’k mar tryst.

Pake: En jim mem docht der ek oan mei?

Nynke: Sytske ken sokke fette jildsmiterij mei har baantsje noait byhâlde, fanself, mar dy docht wer oare dingen. Om in foarbyld te neamen. Ik wie as bern héél gek op blomkoal. Toen krige ik it hast noait omdat Sytske der self net fan hâldt, mar no krije wy it soms twa kear yn de wike. Terwyl blomkoal my net iens folle mear ken skille. Ach, an ien kant is it wol laitsjen dat se hun sa fet foor ús útslove mar an de oare kant hè ik wol ris sok yts fan, doch mar gewoan, wyt je wol.

Nynke pakt in lyts spegeltsje en opmakkersguod en begjint mei har gesicht om te tutsjen. Se jout net de yndruk dat se nei pake harket.

Pake: No, no. Wat hast in ynsjoch yn wat der efter it hâlden en dragen fan jim heit en mem sit. Ik krige niiskrekt fan Douwe ek sa foar de fûst wei even in djipgeande psychologyske ferhanneling oer hoe’t jim en jim folk foarinoar stean. Ik ha der doedestiids nea by stil stien hoe’t ús heit en mem…. Mar ja, wy giene doe hiel oars mei inoar om. Der is gâns wat feroare. Lykas yn de stêd hjirre. Dat sei ik niissajustjes tsjin jim mem. By it stasjon ha ik doedestiids jim beppe frege. Ik moast op dat stuit it leger yn en wy wachten op de trein. We hienen ús deljûn op it gersfjildsje foar it stasjon, mank de pinksterblommen; at ik myn eagen ticht doch en ik konsintrearje my derop, dan rûk ik se noch. It wie der sa moai fredich doe, sa’n soele maitiidsjûn. Mar ik koe hjoed it plak net mear weromfine, sa is de boel dêr oeral helle. Dat rêstige gersfjildsje fan eartiids leit djip bedobbe ûnder al dy stiennen en dat asfalt en dêr raze de auto’s no oerhinne. It is foar de haaien. It bestiet allinnich noch yn myn tinzen. Men soe jin dochs besauwe.

Nynke: (hat pake syn ferhaal net echt folge) OK dan, pake, ik hè spitigernôch gjin tiid mear om by jo te bliuwe sitten.

Pake: Sitten te bliuwen.

Nynke: Watte?

Pake: Sitten te bliuwen. It is net: te bliuwe sitten. It is: sitten te bliuwen, yn it Frysk.

Nynke: O. No, noait witen.

Pake: Hooplik is dat gjin repetysje Fryske grammatika dy’tst moandei hast.

Nynke: Nee, mar wol in tentamen Dútske grammatika.

Pake: Tsja. Hoe kinst no de grammatika fan in frjemde taal foar it ferstân krije ast dyn eigen taal net iens goed prate kinst?

Nynke: No, OK dan, mar ik sol my der no toch mar wer even yn dûke. Bibiab.

Pake: Wat seiste?

Nynke: Oh, eh, be back in a bit.

Pake lûkt oan de skouders en skodhollet. Nynke wer ôf (nei har keamer) mei har tee en Sytske komt wer even út ´e keuken om in bakje op te hellen. Se bliuwt der by stean.

Pake: Sei ’k.

Sytske: Wat seine jo?

Pake: Dat dy bern fan dy sok min Frysk prate. Hiest harren dat net wat better leare kinnen?

Sytske: Hoe dat?

Pake: No, noch ôfsjoen fan de Hollânske wurden dy’t dyn bern troch harren Frysk grieme foel my saniis op dat Nynke de tiidwurden nochal ris omdraait. Hja seit fan te bliuwe sitten yn stee fan sitten te bliuwen.

Sytske: O, soks hear ik net iens, je.

(moarn fierder)

maaie 4, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.