Pakes comeback (19)

maaie 28, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Douwe: Eh,… naam hè. Dêr hè ’k it trouwens ek al mei myn frynden oer hân. Se sitte allegear te sollisitearen om ris mei te iten. Thús hè se faak in snelle hap. By de measten binne de âldelju beide an it wurk of se binne skeiden. No ja, dus dêr giet it noch krektsa as it hjir altyd gong foordat jo kamen.

Pake: Just, ja, dy bern fan skieden âlders, dat is in grutte potinsjele merk, fansels. Mar dan moatte we it by ús ûndernimminkje dochs miskien mar goaie op it âldmoadrige. Alderwetsk deeglike mielen en de gesellichheid dy’t dêrby heart, dat sil de oan syn lot oerlitten jongerein fan de hjoed-de-dei oansprekke. Mar no we it dochs oer itensiederij hawwe. Ast klear bist mei de kompjûter, woe ik graach efkes op it ynternet noch wat resepten sykje. Ik woe foar jûn mar wer ris wat nijs besykje.

Douwe: Ik wist net dat jo sa an jo ideeën foor it iten komme. Dus myn internetkursusje het wol, eh, hoe neame jo dat ek mar wer, eh,… fertuten dien.

Pake: Sst, net fierder fertelle, hè. Net fan dat kursuske en ek net dat ik it ynternet as boarne fan myn ideeën foar it itensieden brûk. Dat ’s net goed foar myn ymago. Mar behimmelje dyn totsi, want do moatst avesearje. Do hast noch, ris sjen, blikstiender, noch mar fiif minuten foardatst nei dyn fuotbaljen ta moatst.

Douwe: Oh, fok, ja, wacht even… (hy docht noch gau wat op de kompjûter)

Pake: Litst ’m wol oanstean? Is de kompjûter op dyn keamer einliks al wer stikken?

Douwe: Ja, ik hew it mar opjûn.

Pake: Ik sil dy noch wat molke ynjitte.

Wylst er dat docht, giet de belle. Pake docht de doar iepen en bliuwt yn de iepening stean.

Pake: O, ja goeiemoarn, ja, wis, het is mooi weer…. O, dat had u niet doen hoeven. Nee, waar niet… Maar gelijkwels bedanke… O, eh,… no, ik heb het nu niet so aan tijd… Nee, dan moet u een andere keer maar eens aansteken… Ja, no, goeie, hoor.

Pake docht de doar wer ticht en as er him omdraait, hat er in kopke yn de hân, wylst Douwe by de kompjûter wei komt en syn jas oanlûkt.

Douwe: Jo hè noch wolris wat kommentaar op ús minne Frysk, mar dat Hollânsk fan jo is ik net sa robuust.

Pake: Nee, dêr hast wol gelyk oan, it is wat rustich.

Douwe: No, rustich… jo klonken my oars nochal drok yn de earen.

Pake: Nee, ik haw it net oer rêstich, mar oer rustich. As gefolch fan te min oefening.

Douwe: Maar wie wie dat einliks?

Pake: De buorfrou. Hja brocht in kopke sûker wer werom dat se liend hie.

Douwe: Oong. Ik wist net dat jo har koenen. Wy hè noait kontakt mei de buren hân. Ik soe har net iens herkenne at ik har op strjitte tsjinkaam.

Pake: Nee, je? O, no, doe’t it derop begûn te lykjen dat ik hjir wol in skoftke bliuwe soe, ha ’k mei foarsteld oan de buorlju. It like my net mear as fatsoenlik om wat mei harren yn ’e kunde te kommen.

Douwe: Hè wy noait dien.

Pake: Mar dit minske is wat plakkerich. Hja hat wolris west te kofjedrinken, mar dan is men fuortendaliks net wer fan har ôf. En men moat jin allegeduerigen om har ferbrekke.

Douwe: Miskien het se wol in eachje op jo. En at jo no ris wat faker mei har prate, kenne jo moai jo Hollânsk wat ophelje.

Pake: Hm. Tsjin wa spylje jim?

Douwe: It is no allinnich trainen. Ankommende sneon mutte we tsjin ’t Fean.

Pake: O. Dat binn’ tsjinstanners fan komsa.

Douwe: It bin de junioaren fanself, hè. Mar dy kenne we wol an, hear. We meitsje se finaal yn.

Pake: Ja, ja, do hast yn elts gefal noch gjin minderweardichheidskompleks, hear ik wol. Mar it is mei sizzen net te dwaan.

Douwe: Wat bedoele jo dêr no wer mei?

Pake: Sizzen is neat, mar dwaan is in ding.

Douwe: Eh, ja, ja.

Pake: Oftewol: dy’t in bulte seit moat in bulte wiermeitsje.

Douwe: Kom mar te sjen sneon, op it fjild. No, ik mut furt.

(moarn fierder)

maaie 28, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.