Pakes comeback (18)

maaie 26, 2020 08:00

Hjoed set it twadde bedriuw fan it sabeare toanielstik útein dat It Nijs nei oanlieding fan de koroanakrisis as soaprige publisearret, om’t der gjin toanielopfieringen en iepenloftspullen binne. Sjoch hjir foar de rolferdieling.

Wat foarôf gie:
Oan it begjin fan dizze iuw is pake fuortrûn út it âldereintehûs nei’t beppe ferstoarn is en komt er ûnferwachts del by syn dochter en har bern, dy’t ynearsten net trochha dat er net fan doel is om wer fuort te gean. Hy komt wer yn ’e kunde mei de stêd dêr’t er foar syn trouwen wenne, trochdat syn dochter har krekt dêr tafallich koartlyn nei wenjen set hat. Pake is mismoedich, net allinnich troch it ferstjerren fan syn wiif, mar likegoed omdat er sjocht dat syn âlde stêd yn – neffens him – ûngeunstige sin feroare is. De generaasjes akkordearje net mei-inoar en prate elk harren eigen taal. Pake is yn ’e hjerst fan syn libben en mei syn tinzen yn it ferline, en syn neiteam hat eigen hjoeddeistige droktmen. De húshâlding wol ynearsten dat er sa gau mooglik wer oppakt, mar dan begruttet it dochter Sytske en pakesizzer Nynke en dy lêste kriget boppedat niget oan pake syn foto-albums. Pakesizzer Douwe giet oerstaach as pake inside information blykt te hawwen oer in gefal fan boaiemfersmoarging: in tige gaadlik ûnderwerp foar in skripsje; lykas bliken die yn de foarige ôflevering. Pake nimt syn trekken waar en lûkt de soarchtaak, dy’t yn it húshâldinkje wat yn it neigean rekke wie, nei him ta. Sadwaande treffe we in healjier letter in trijegeneraasjehúshâlding oan.

Twadde bedriuw, maitiid

Dekôr: Deselde keuken mei wenkeamer en treppen as yn it earste bedriuw. Der hinget no in moaie sinne foar de ruten en elke kear as de doar iepengiet binne der fluitsjende fûgeltsjes te hearren.

Earste tafriel: in dei troch de wike oan de ein fan april

Douwe sit achter de kompjûter yn de keuken. Pake hat in skelk foar en rint nei him ta mei in tosty.

Pake: Sjoch ris oan, Douwe.

Douwe: Ah, dêr hie ’k no krekt sin an.

Pake: Ja, dat fielde ik al oan. Dat is by dy nammers net sa’n poepetoer, do hast altyd wol nocht oan in totsy.

Douwe: Mar dy tostys fan jo binne ik sa ferskriklike lekker. Hoe dogge jo dat toch?

Pake: Dat hâld ’k geheim, bûke. At jim it sels kinne, bin ik ommers net mear nedich en jouwe jim my faaks dien.

Douwe: Dêr hoeve jo net bang foor te wêzen. Wy hè it ommers net an tiid om dat iten allegear self klear te meitsjen. Mar ik reitsje wol gebrainfood om in handeltsje yn tostys te beginnen. Jo meitsje se en ik ferkeepje se. Dat wurdt laitsjen. Der bin al aardich potentiële klanten, want ik hè it mei myn frynden al oer jo tostys hân en dy gasten binne fet benijd nei myn onwijs relaxte pake. Dus dat ken wol in aardige cashflow opleverje. We sette jo mei dat skurt foor yn in kreamke yn de tún, mei in burd derby fan Peek’s tostys. Dat wurdt lauwe shit!

Pake: Hm. Dêr seist wat. De totsys wurde wol gau kâld yn sa’n diske. En dan mei ik wol in nije skelk ha. Mar wat komt der op dat boerd? Wa is Peek?

Douwe: Jo. Pake klinkt net, dat mut wat moderners wurde. En de measten yn myn klasse fine dat Fries sucks.

Pake: Watte?

Douwe: Fries suigt. Dus at it heal ken mut it yn it Engels. No en at jo pake op syn Engels útsprekke, krije jo peek.

Pake: Ja, ja. Hm…Mar dat Ingelsk komt daliks wol wer o sa nijmoadrich oer. Is it net better en lis de klam op it âlderwetske fakmanskip dêr’t dy totsys mei makke wurde?

Douwe: Jo hè se ommers noch mar in pear maand ferlyn útfûn?

Pake: Ja, trije moanne lyn, tink? Mar ik bedoel it as ferkeaptrúk. Sjoch mar nei de radio- en telefyzjereklames. It giet der allinnich mar om, hoe’t it boadskip brocht wurd, wat men seit hoecht neat mei de werklikheid te meitsjen te hawwen. Perfoarst net. Nim no bygelyks de enerzjyreklames dy’t men op ’t heden rûnom heart en sjocht. Men soe sizze, der is hast neat te finen dat skierder en ûnpersoanliker is as elektryske stream. Dochs dogge se langer as is de stroom fan de iene maatskippij noch hipper as dy fan de oare. Seksyer, hjit dat hjoed oan de dei, leau ik. En jo kinne sels de stroom keapje dy’t by jo libbensstyl past.

Douwe: Image is alles, no.

Pake: Dochs roait it igge noch seame.

Douwe: Hunh?

Pake: No, it roait ommers fuotten noch fiemen, dat… eh,… (Douwe sjocht noch hieltyd as snapt er it net) … mjitten noch fiemen? Modder noch slyk, kinst ek sizze. Dyk noch binnenpaad? Pomp noch pompstôk? Seit dy dat wat? (Douwe skodhollet mei folle mûle) It roait gjin byt of nearne nei (no knikt Douwe). Mar, wat woe ik der no ek al wer mei sizze? O, ja. Myn stokâlde skimerlampe, dy’t jim mem sa graach fuortgoaie wol omdat se fynt dat it ding tritich jier lyn al út ’e tiid wie, baarnt as in heaberch op dy stroom dy’t foar de hjoeddeistige yuppen bedoeld is.

Douwe: Yuppen, seit er. Jo beginne toch ik al wat yn it moderne jargon te kommen.

Pake: Ja, och, it is einliks net sa swierrich de taal fan hjoed-de-dei te learen, want safolle hat dy no ek wer net om ’e hakken. Mar dy totsys, moatte we dy dan ek ferkeapje as in, hoe neame se dat yn de reklames ek al wer….

Douwe: (mei folle mûle) A way of life.

Pake: Just, dat bedoel ik. Mar dan moatte we dochs wat mear produkten oanbiede, tink?

Douwe: We kenne ik in restaurant iepenje en jo bin de kok.

Pake: Foar waarm iten, bedoelste? Ik wit net oft ik dat wol oprêd.

Douwe: Fanself kenne jo dat wol. Wy hè noch noait sa lekker iten sinds jo it koaitsjen op jo hè naam.

Pake sjocht him strak oan.

(tongersdei fierder)

maaie 26, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.