Pakes comeback (16)

maaie 22, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Just, ja, dy âlde Braaksma, we neamden him Brimsma, omdat er altyd sa brimstich seach, woe it net lije dat we dêr aaisochten en dan kaam er der wer oandraven mei de gripe.

Douwe: Gripe?

Sytske: Heafoarke.

Pake: No, it wie mear in dongfoarke. Sa gau at wy him dan seagen fleagen wy de feart oer, mar de âld izegrim wie noch wol aardich linich, dat dêrom gong it noch wol ris mis en rekken we yn it wetter. En yn de blabber, want it wie in stjonkfeart. Dat dan kamen we der somtiden ûnder der dridze wer út. No, de kofje is klear, leau ik.

Pake pakt de kopkes, jit de kofje yn en docht de hjitte molke derby wylst Nynke deryn komt mei in foto-album ûnder de earm.

Douwe: No, do hest heel wat mist. Pake is hjir froeger hast fersûpt yn de bleek, omdat der in gripe ankaam, hy der hommels útnaaide en dan te rimpen wie. Hè ’k it sa goed samenfatten?

Pake: Dyn gearfetting doocht wol sa ’n bytsje, jonge.

Nynke: Ik snap der niks fan, mar sjoch wat ik hè fûn.

Douwe: In âld foto-album.

Pake: O, dat is in âlde! Dêr sitte noch foto’s yn fan doe’t wy de lange hier yn giene.

De bern sjogge him ferheard oan.

Pake: Fan foar ús boaskjen…. (de bern folgje him dúdlik noch net)… Sjoch, hjir is de kofje. Us trouwen.

Nynke: OK dan.

Pake dielt de kopkes út.

Sytske: Jo hewwe echt al jo guod meinaam! Dat jo wiene wier fan doel net werom te gean!

Nynke: Is dit beppe, pake?

Pake:   Wat, lit ris sjen? O, ja, dat is beppe. Doe hiene wy ferkearing. Hja hie tink ik doe omtrint dyn leeftiid.

Nynke: Sa hè ik har noait kennen. Se is hjir noch héél tin. Liket se net sprekend op my?

Douwe: Op dy? Ê, gean wei, jù. Do bist ommers folle dikker.

Sytske: Lit ris sjen… Och heden, ja, sprekend. Teminsten op dizze foto. O, en op dizze, och wat wie it in leaf famke, net?

Nynke: En it wie écht altyd moai waar, toen.

Douwe: Mar het dy boer jo noait te pakken krigen?

Pake: Nee, nea. Mar oan de oare kant fan de feart lei de dwingel. En mei de baas dêre koe ik o sa.

Nynke: Wat is in dwingel?

Douwe: Sa binne wy de hele moarn al bezich. Hy is gewoan net te ferstean, mei syn fage âlderwetske Frysk. Folgens my docht er it derom.

Sytske: In fuilstortplaats.

Pake: No, dat is der in fierstente moaie namme foar. Sa meie dy kreaze himmele dingen fan tsjintwurdich dan miskien neamd wurde, mar dêr wie it doe ien grutte bargebinde. Mar, sa’t ik sei, ik koe goed mei de baas, Smoarge Sybren.

Douwe: Aparte namme.

Sytske: Se brûkten hast allinnich bynammen, yn dy tiid.

Pake: Ien kear hat Brimsma ús aardich ferrifele. De smjunt hie in barte klear lizzen…

Nynke: In wat?

Sytske: In planke. Mar ik krij wol it gefoel dat heit it er in bytsje om docht, al dy drege wurden.

Pake: (docht as heart er de krityk net) En dy goaide er gau oer de feart en doe kaam er efter ús oan. Ik wit it noch goed, ik wie my Lytse Jan. Dy is letter stoarn oan berneferlamming. Mar doe wied er noch o sa krigel. Hy goaide in stientsje nei Brimsma en dy krige er lyk op de plasse. Dat dy âld sek wie kûgels.

Douwe: Wy mutte in wurdboek keapje, want sa komme we der net út.

Sytske: Lilk. Kûgelsk is lilk.

Nynke: En krigel?

Sytske: Eh, tsja….

(moandei fierder)

maaie 22, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.