Pakes comeback (15)

maaie 21, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Nynke komt deryn.

Nynke: Pake is syn koffers al an it ynpakken! Hè jim rúzje?

Sytske: (suchtsjend) No, jim woene toch dat ik him der útgoaide?

Nynke: Ja, OK, mar dit giet nochal hurd, dit fyn ik wol wat wreed.

Douwe: Ja, wat solle wy no krije? Wy wienen it toch iens?

Sytske: No, hy rint sels sa hurd fan steapel, dat ik bin der net wis fan dat it gjin toaneelspul is, om meilijen op te wekjen.

Douwe: No, dat slagget dan aardich, sa te sjen. De mutsen hè al wer weake knibbels.

Nynke: Ik sol him wol even helpe mei ynpakken.

Nynke rint fuort, Karel komt deryn.

Karel: No, ik moat wer ris even fierder. Is dy âld eamelkont al fuort?

Sytske: Ja, ja, der wurdt oan wurke.

Karel: No, doch him de groetnis.

It wurdt in lange ôfskiedstút en wylst dat se dêr mei dwaande binne komt pake der wer yn.

Pake: (ropt) Allegearre kofje?

Sytske en Karel skrikke.

Karel: (ropt) Ik moat fuort!

Pake: No al wer? Do bist der krekt!

Karel: (ropt) De mazzel!

Pake: (mompelet) Ja, goeie.

Karel stapt nei bûten.

Sytske: No, ik les wol in bakje.

Douwe: No, ik ik wol. Jo wiene al drok an it ynpakken, hearde ik?

Pake pakt it kofjepak en in filter en docht wetter yn it apparaat.

Pake: Ja, no, dat is te sizzen, ik ha ynienen in assistint, dat ik tocht it is ek hast kofjetiid, dan sil ik my dêr mar ris efkes mei dwaande hâlde.

Sytske: Wy dogge hjir einliks net sasear oan kofjetiid.

Douwe: At wy sin an wat hewwe, mutte wy ús self meastal mar rêde, der is net ien dy’t it foor ús docht. (Hy sjocht Sytske rjocht oan)

Sytske: Och ja, we binne meastal sa drok dat we it net oan tiid hewwe om mei ús allen sitten te gean.

Pake: No, ik tocht it is wol gesellich even. Nynke hie ek wol sin oan in bakje, sei se. Wolle jim waarme molke yn de kofje?

Douwe: It liket hjir wol in restaurant.

Sytske: Hy bedoelt ja en foar my ek en Nynke sil ek wol ha wolle.

Pake docht molke yn in pantsje, dat er op it fjoer set.

Pake: Apart no, sechstich jier lyn rûn ik hjir mei de pols oer it skouder en no stean ik hjir op krekt itselde plak molke te klopjen.

Hy kloppet de molke op wylst de oaren tasjogge.

Sytske: Hoe bedoele jo dat?

Pake: No, ik hie dochs ferteld dat ik hjir aaisike, doe’t ik jong wie. Nee? Of ha ’k it oan Boes ferteld miskien? Tsja, ik koe it op in stuit net mear hielendal byhâlde wa’t ik wat fertelde. Sjoch, ik miende it al doe’t ik hjir mei de bus oankaam, mar doe’t ik dy beam hjir op ’e hoeke fan de strjitte stean seach, wie ik der wis fan. Dy stie der doe ek al. Dit hûs stiet op it lân dat doedestiids fan boer Braaksma wie. Noch krekt; de erfskieding wie hjir flak njonken. Hjir troch de bleek rûn doe in feart.

Douwe: Bleek?

Sytske: Hy bedoelt it gersfjildsje nêst ús hûs, soksoarte fjildsjes brûkten se eartiids om lekkens te bleken.

Pake: It wie in brede feart. Men koe der allinnich mei de pols oerhinne. Dat ha wy hiel wat kearen dien, mar it gong meastentiids nochal rimpen, want ….

Douwe: Rimpen?

Pake: Ja, kinst dat wurd net? No ja, ik bedoel, wy moasten hommels fuort, want…

Douwe: Hommels?

Sytske: Sis mar hastich, ynienen.

(moarn fierder)

maaie 21, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.