Pakes comeback (14)

maaie 19, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Wêr sille dy beiden ynienen hinne?

Sytske: Heit, wy moatte ris prate.

Pake: Wêroer?

Sytske: Oer wat jo plannen binne.

Pake: Plannen? Jim altyd mei jim plannen. Moat in minske altyd plannen hawwe?

Sytske: No, om it dan wat konkreter te sizzen: jo binne mei in hele soad koffers oansetten kaam, haw ik fanmoarn wol sjoen. En jo hewwe tsjin Nynke sein dat jo net werom wolle nei it âldereintehûs.

Pake tyspelet wat ferlegen mei syn foarke yn it board.

Pake: Och, ja, wat sil ik derfan sizze, dat haw ik my miskien wolris ûntfalle litten, ja. No, is dat sa nuver? Mei ik dat faaks ek al wer net sizze? Tinksto dat it sa gesellich is yn sa’n tehûs?

Sytske seit neat, mar sjocht pake rjocht oan. Dy is der sichtber mei oan.

Pake: En, no ja, jim mem wie altyd wat syklik. Mar ik bin sûn genôch. Dus ik tink wolris by mysels, soe ik net by bygelyks myn dochter……

Sytske: Nee, heit.

Pake: O.

Sytske: Heit wit best dat dat net giet. Sjoch no allinnich fanmoarn al. Wy sitte hjir fiif minuten oan tafel en jo hewwe se allegearre al wer de gerdinen yn jage.

Pake: Ê no, it wie ommers ek wat koartswyl fan my.

Sytske: Jo humor wurdt hjir net sa wurdearre. Krekt oarsom, de hele húshâlding is no al wer helemaal oerémis.

Pake: En dat leit allinnich oan my?

Sytske: (dochs wat ûnwis) No ja, it is gewoan de hâlding fan jo nei de bern ta en dan de reaksje fan de bern út nei jo ta en dêrtroch dan ek wer fan de bern nei my ta en dan sil ik krekt like goed fan my út ek wol wer nei jo ta…..

Pake: Ho mar, goai it mar yn myn pet, dan sykje ’k it in oare kear wol út.

Sytske: (no wer wat wisser) Ik bedoel einliks: it sil wol net allinnich oan jo lizze, nee, mar de kombinaasje is net goed.

Pake: Tsja, asto der sa oer tinkst.

Sytske: (har ûnwissens oerskreauwend) Sa tink ik deroer, ja

Pake giet stean, hy stiet der wat helpleas by.

Pake: No, eh,… dan is it miskien better dat ik fuortendaliks myn koffers mar pak.

Sytske: No, sa raar hoecht it no ek wer net. Sa hastich hoege jo net fuort. Jo kinne toch it wykein noch wol oerbliuwe?

Pake seit neat en sloft langsum nei syn keamer ta.

Sytske: (ropt) Dogge jo dit der no om of sa?

Pake seit noch hieltyd neat en ferdwynt út it sicht, wylst Sytske no wat mei har foarke ompriket en Douwe der wer yn komt.

Douwe: No, sokkeballet er op?

Sytske: Ja

Douwe: Mar?

Sytske: No, ik bin net sa grutsk op mysels.

Douwe: Wêrom net? Sokke âlde minsken hearre toch yn in tehús, of net soms?

Sytske: Ik wit it net, Douwe. Ik bin der net altyd like wis fan.

Douwe: No, Karel komt der ik net út, mei dy kompjûter. Dat ik sol Piter mar wer belje. An sokke kado’s hè ’k fanself niks. Hoe ken ik no sa myn wurkstik au meitsje?

Sytske: No, hjir yn de keuken hast toch ek ynternet?

Douwe: Dit âlde bakje is fierstente langsaam. Dan sit je de helt fan de tiid te wachtsjen. En ik hè noch wol mear te dwaan, hear.

Sytske: No, dan moast ’m mar nei de winkel bringe om repareare te litten.

Douwe: Nee, dat duorret fierstente lang, ik wol hjoed noch begjinne an dat wurkstik. Dus der mut daliks in nijen komme.

Sytske: No, neffens my hast noch net iens in ûnderwerp.

Douwe: Nee, der ha ’k it internet krekt foor noadich.

(Tongersdei fierder)

maaie 19, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.