Pakes comeback (13)

maaie 18, 2020 08:00

Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Goemoarn. Ha jim lekker koest? Moai dat jim ek al wer warber binne. Mar Douwe sjocht wol wat bleek om ’e noas. Wolst in lekker bakt aike, Douwe?

Douwe huveret by allinnich it idee al en skoddet as antwurd de holle.

Pake: Kinst net mear prate?

Nynke: Hy het in kater. Juster wer stronko wurden, fanself.

Sytske: Dat hiene wy oars net ôfpraat, Douwe.

Pake: Wolstó dan in bakt aike, Nynke?

Nynke: Gadferdamme nee, sa’n fiis fet ding op ’e betide moarn, brrr.

Pake: Wat is der no mis mei in bytsje fet? Jim bearden sels juster de hiele tiid oer fet dit en fet dat, al snapte ik doe net hielendal wat jim dermei bedoelden. Mar jim brochten my wol op in idee.

Douwe: Och, se is gewoan bang foor har goddelike tinne lichemke.

Pake: No, dat tynt wier net fan sa’n lyts aike. (giet der ek by sitten) No, hoe mûlket it jim? Is it net te dreech? Dat mei ik dochs noch wol freegje, net?

Sytske: Lekker, heit.

Karel: Hearlik.

Pake: Douwe, kinst my de skinke even oanjaan?

Douwe: De wat?

Pake: De skinke.

Sytske: Hy bedoelt de ham.

Pake kriget de ham oerlange. It is efkes stil.

Pake: No, jim binne net botte praatsk fan ’e moarn.

Douwe: Dat bin wy noait.

Pake: No, juster wiene jim oars wakker mûlryp. Wie it gesellich justerjûn, mei de maten?

Douwe: Och…..

Nynke: Dêr wyt er niks mear fan, jù.

Pake: En hoe wie it by dyn freondinne? Ha jim omraak leard?

Nynke: Jawol, hear.

Douwe: Mar net sa lang, want we hè se al betiid spotten yn de kroech.

Nynke: O, dat wyt er yniens noch wol.

Douwe: Ja, dat blitse wyfke datst by dy hiest, mei dy grutte boeboes; dy gasten kickten allegearre op dat mokkeltsje.

Nynke: Ha, stoere praat fan lytse jonkjes, for laughing out loud. Pamela is gjin pedo, hear. Fertel dy bern mar dat se ien fan hun eigen leeftyd sykje mutte om it bekken te learen.

Se ite noch wer efkes yn stilte.

Pake: No, ik ha noch wol wat te fertellen, want ik betocht my dat ik juster noch in part fan myn reisferslach fergetten ha. It gie ek wat gaoatysk justermiddei. Ik ha nammentlik ek noch in hoartsje socht om it stedhûs. It wie sa’n moai âld geboutsje mei moaie tuorkes en lûken foar de ruten. Mar it wie nearne mear te finen. Ik kin der net by dat hja it ôfbrutsen hawwe. Soks hearde thús op de monumintelist. Nei lang sykjen koe ik dochs net oars as konkludearje dat op dat plak in grut warehûs delset is. It is misdiedich, dêr’t ik sa’n wurd om sis. Ik wit noch goed doe’t wy dêr trouden…

Nynke: (feninich). It wie yn de maitiid, tink? En moai waar fanself?

It is efkes stil. De rein dy tikket wer tsjin de ruten.

Pake: Ja, sa stiet my dat no ien kear by. Mar miskien komt dat wol omdat wy it altyd o sa nei it sin hiene, mei ús beiden, de frou en ik.

Nynke: No, dan is it fúkking jammer dat jo net an Sytske leard hewwe hoe’t je dat anpakke mutte. Want ik hè dat net folle meimakke, dat sy en Piter it nei it sin hienen en wy hewwe dêrom ik net folle plezier hân. No Piter einliks opsâlte is hoop ik dat it no in kear dien is mei de rúzjes en dat wy it dan ik einliks ris nei ús sin kenne krije. En dêrom sitte wy op dit momint dus even net sa heel erch te wachtsjen op jo ferhalen oer jo gelukkige huwelijk mei beppe.

Nynke spat fuort en it is wer efkes stil oan tafel.

Pake: (suchtsjend) Leit it no oan my of is elkenien fan ’e moarn mei de ferkearde foet út bêd stapt?

Sytske sjocht Karel en Douwe efkes strak oan.

Karel: (tsjin Douwe) Eh, wy soenen toch noch even eh…..?

Douwe: Eh…. o ja, is goed.

En dan jouwe beiden har ôf.

(moarn fierder)

maaie 18, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.