Pakes comeback (12)

maaie 15, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Twadde tafriel: de oare moarns

It ljocht giet wer oan. Pake stiet aaien te bakken. Sytske komt deroan yn de badjas.

Pake: Goemoarn Syts.

Sytske: Ik tocht al, wat rûk ik.

Pake: Bakte aaien. Wolst twa of ien?

Sytske: No, eh, it rûkt sa goed, doch mar twa.

Pake: Hoe wie it hellewynpartijtsje?

Sytske: O, gesellich… Wat ha jo de tafel moai klearmakke. Dêr komme we normaalwei noait oan ta.

Pake: Ja, och, ik hie it justerjûn wol oan tiid om hjir it paad wat te finen en fan ’e moarn wie ik der al betiid ôf, lykas wenst. Ik ha al mei Boes fuort west. Ik reint noch wol, mar minder hurd as juster. No en doe tocht ik, ik moat it moarnsiten mar ris reemeitsje, want de oaren hawwe it justerjûn allegearre sa drok hân.

Karel komt deryn.

Pake: Hea, dêr ha we Kobus wrachtich ek al wer. Wennest hjir deun by? Hoe komsto der no sa gau yn? Ik ha de skille net heard. Of hast sels in kaaie?

Karel: Oh, mar ik hè hjir….

Omdat Sytske him o sa rjocht oansjocht begjint Karel te stammerjen.

Karel: Eh,… ja, eh…. ikik w-wenje flakby en ikik hèhew in sleutel, of sa.

Pake: Hm, bist hjir al aardich hoater en toater, ha ’k wol yn ’e gaten. (sjocht nei Karel syn skuon) Hea, do hast de skuon oan, dêr’t ik fannacht oer stroffele bin, doe’t ik op wei wie nei it húske. Bist hjir hoasfuotlings hinne kaam, of sa?

Sytske: Euhh, gean de aaien net te hurd, heit?

Pake: Nee, hear. Koos hat thús syn moarnsbrochje al op, tink?

Karel: No, eh, it rûkt oars wol lekker, wat jo dêr dogge.

Pake: No, fuort dan mar. Dan moat der foar dy ek mar ien yn. Mar eh, fertel ris wat oer dysels. Wat dochst foar de kost? Of sitst noch op skoalle? En fan wa bist ien?

Karel: De Groat.

Pake: Do bist dochs net ien fan Teake de Groat, wol? Dy hanneler yn âlde rommel?

Karel: Sa hiet myn pake al, ja, en ús heit het wolris sein dat er in ambulante handelsman wie.

Karel giet sitten oan de keukenstafel. Sytske stiet noch.

Pake: Ast it sa neame wolst. No, Syts, do hast in moaienien útsocht, fanke. Dat wie de meast asosjale húshâlding fan de stêd. Hja wienen te stom om foar de duvel te dûnsjen en sa earm as in lús. Nammers, oer luzen praat, dêr sieten dy bern altyd ûnder.

Karel docht krekt as heart er it net.

Sytske: Dat is wol twa generaasjes lyn, hear.

Pake: No, mar ast sjochst hoe’t hy derby rint erft it wol oer. At ik dy wie soe ik him it hier mar ris even útplúzje.

Sytske: Wat is my dit foar praat, jo dogge krekt as sit hy der net by.

Pake: Ik tocht dat ik genôch muoite die om him yn it petear te beheljen. Ik ha al in hiel rychje fragen steld mar noch net folle antwurden krigen. No Klaas, hoe liket it dermei?

Karel: Eh, wat fregen jo ik al wer?

Sytske: Niks. Dit krúsferhear is beëinige. Sa die heit doe’t ik jong wie tsjin alle jonges der’t ik mei thúskaam. En heit gong krekt sa lang troch tot se útnaaiden en dat wie krekt heit syn bedoeling. Mar wy binne hjir no yn mýn hûs, wer’t ík it foar it sizzen ha en der wurde hjir dêrom gjín nuvere fragen mear beäntwurde.

Pake: Binne dat nuvere fragen?

Sytske: Ábsolút!

Pake: Wat no abslút? Wat bedoelst dêr no wer mei?

Sytske: Dat dat nuvere fragen binne.

Pake: Wêrom binne dat nuvere fragen?

Sytske: Omdat jo der gjin oar doel mei hewwe as bepaalde foaroardielen befêstige te krijen.

Pake: Nee hear, dat is gewoan, eh, belangstelling. Ik mei dochs wol witte mei wa asto om… eh…

Sytske: … slachst?

Pake: … giest. Mar eh, hjir binne jim aikes.

Sytske giet ek sitten en Karel en sy begjinne te iten. Dan komme Douwe en Nynke der ek yn. Se gean sûnder in wurd te sizzen oan tafel sitten.

(kommende moandei fierder)

maaie 15, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.