Pakes comeback (11)

maaie 14, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Ja, wy hawwe inoar al moete. Kees, wie it net?

Karel: Karel, aangenaam.

Pake: Ek goed.

Sytske: Eh,… no, wy sil nei de Halloweenparty ta. Eh, der is wol wat iten yn de keuken. Miskien kinne de bern jo der noch wat mei helpe.

Pake: Ja, lûk dy fan my mar neat oan, hear. Ik rêd my wol.

Sytske: (wylst se har jas en de tassen pakt en ien dêrfan oan Karel oerlanget) No, wy jouwe ús ôf. It sil wol let wurde, dat tot moarn dan. Doe-oech.

Douwe: Ik peer ’m ik. En it sol by my ik wol let wurde. De mazzel.

Nynke komt der ek oan mei boeken yn de hân en dan pakke se alle trije harren jas fan de kapstok en dogge de doar iepen.

Nynke: (yn de doar) Ik mut ik fuort. Ik sol nei in freondinne om te gean studearen. Joepdoei, caio.

De doar falt ticht. Se binne fuort.

Pake: Studearen te gean.

It is efkes stil. Pake aait de hûn.

Pake: Tsja Boes, it wierret ús hjir net mei. Men soe der fergemy wanmoedich fan wurde. Wy moatte wat betinke jonge, oars komt it op ’e kop ferkeard. Pake sil him nuttich meitsje moatte, op de iene of de oare manier. Mar wat kin men yn de hjerst fan jins libben noch bydrage? Men fielt jin ta weismiten keard. De famylje hat hjir syn eigen noeden en soargen en hat gjin ferlet fan in ûnnutte kostgonger. Dat, wat kin pake dwaan? Hy kin mei dy te kuierjen, bistke, mar se ha dy krekt yn ’e hûs helle tsjin harren eigen stress. Hy kin Nynke wat better Frysk leare, mar dat falt bûten har fakkepakket en dêrmei bûten har eachweid. En wat wol yn it pakket falt, dêr wit pake wer neat fan. En wat Douwe allegearre docht mei syn kompjûter, dêr kin pake yn de fierste fierte net by. Dat dêr kin er ek neat sinnichs oan bydrage. Mar wat dan? Pake liket wol alhiel oerstallich te wêzen yn dizze moderne tiid. Us tinzen moatte der efkes goed oer gear, oars brekke pake syn takomstplannen him daliks by de hannen om’t ôf en sit er aanst samar wer yn it âldereintehûs.

It is wer efkes stil.

Pake: Pake sjocht it dochs wat tsjuster yn, Boes, jonkje, mar miskien komt dat ek wol omdat er hast wat roppich yn it liif wurdt. It is hjir yn de hûs net sa goed fan iten en drinken. Dêr lykje se gjin tiid foar te hawwen. Hm, hasto net sin oan wat, Boes, jonge? Moatst net ris oan de stream of sa? Mar hoe giet soks? En hoe komt pake sels oan wat iten? Dat hat er eartiids altyd mar oan beppe oerlitten, spitigernôch. Dat hy sil hjoed wol foarby moatte fan waarm iten. Want wat der foarôfgiet oan it ôfdreagjen fan de jirpels, dêr hat er net folle idee oer. It iennichste dat pake leard hat is kofjesetten. En dat helpt net sa bot tsjin de honger. O ja, yn myn jonge jierren bakte ik sels wol ris de aikes dy’t ik fûn hie…

Wer is it efkes stil.

Pake: No, dan sille we dat oars mar ris besykje.

Pake komt oerein en it gerdyn giet ticht, de ein fan it earste tafriel.

(moarn fierder)

maaie 14, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.