Pakes comeback (10)

maaie 12, 2020 08:00

Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: No, Boes, moai dat we it no útfûn hawwe. Dit hûs stiet dus noch krekt op it eardere lân fan Braaksma. Goed dat se dy dikke beam noch stean litten hawwe, oars hie ik der nea mear efter kaam. Ja jong, pake gie hjir as lyts jonkje altyd hinne te aaisykjen. Benammen op dizze ein tilde it altyd op fan de ljippen. Ik tink dat we sa likernôch op in plak sitte dêr’t ik doedestiids wolris in broedsje fûn ha. Is ’t net apart? En is it net skande fan al dat skoandere greidlân? At ik myn eagen ticht doch (dat docht er ek) sjoch ik sa wer dy âldhij in falkje fuortjeien, dat it op syn aikes fersjoen hat. De wjukken ljochtsje op yn de sinne boppe dy ûneinige griene flakte en behalve it kriten fan de fûgels is der neat te hearren. Wat is it kostlik waar. Utsein wat skieppesmoar is de loft hel blau. En it is blakstil, der is noch gjin sigentsje te merkbiten. Ik jou my del yn it gers om te besykjen út de fleanpatroanen fan de ljip it plak fan it nust gewaar te wurden. Wat in blommepracht! Skieppe- en bargeblommen fansels, mar ek bûtergieltsjes en hûnebeistâl. En dy rook fan dy blommen! Ja, Boes, wat in tiid wie dat, jonge. Doe wie der noch plak foar de natoer. Wacht, sjoch ik it sijke dêr? Of heart dy by wer in oar pearke? Sitten bliuwe Boes, no moatst dy net ferwege, feint. Mar wol op dyn iepenst bliuwe. Al soe men hjir yn de sinne hast yn ’e sliep falle. Wat in stiltme.

Prrrrriiiiiiinnnnnnggggggg. De belle giet, pake skrikt en sjocht ferstuivere om him hinne. Der komt net ien, dus hy giet oerein en docht de doar iepen. Tagelyk mei in plûns wetter komt der in o sa jong eagjende man yn mei in skuorde spikerbroek en fierders ek net al te netsjes yn de klean dy’t twa kratten bier by him hat.

Pake: Ja, bêste man, no spyt it my o sa dat ik jo it minne waar wer yn stjoere moat, mar wy keapje net oan de doar.

Karel: (laitsjend) Nee, dit is net om te ferkeapjen. Dit is foor it feest. Ik kom foor myn friendin. Ik bin Karel.

Hy stekt de han út, mar pake docht as sjocht er dy net.

Pake: Jo freondinne? O, jo hawwe it fersjoen op Nynke. No man, dan ried ik jo dochs oan it waar nochris te trotsearjen en dan thús earst mar even de ferklaaiersklean oan te lûken, want sa’t jo der no byrinne kinne jo wier net mei har by de dyk lâns. Myn pakesizzer hat in treftige smaak, dus at jo in bewyske fan in kâns by har meitsje wolle sille jo dochs wier jo presintaasje tige ferbetterje moatte.

Karel docht de mûle in pear kear iepen en ticht, mar wit even neat út te bringen. Dan komt Sytske der oanstoarmjen, fljocht Karel om de hals en tutet him heftich. Pake set grutte eagen op, stapt ûntsteld efterút en ploft op de bank del. Sytske en Karel stean noch mei-inoar yn de earms at Douwe der wer ynkomt. Hy breidet krekt in telefoanpetear ôf.

Douwe: Ja, dan kom ik der daliks an. Ja, heu.

Pake: Sis ris, Douwe, is dat in klassegenoat fan dy, dêr’t jim mem op omsobbet?

Douwe: Hè, wie? O, dy gast.

Pake: Soa, hy is hjir ek al te gast, hin?

Douwe: No, ik leau al dat hy by Nynke yn de klasse sit. Ja, dy gozerts wurde steeds jonger. En dit is helemaal in aparte pinda. Ik wit ik net wat se yn dy neppert sjocht. It sol de midlife-crisis wol wêze. Mar wy lûke ús mar niks mear an fan de avonturen fan Sytske. It falt ik net mei foor in skeiden frou mut je mar rekkenje. Jo bin noait skeiden, wol, pake?

Pake skodhollet, hy liket wat apatysk.

Douwe: Wêrom net? Hienen jo en beppe noait rúzje?

Pake : (wylst er oan de skouders lûkt) Ja, wis hiene wy wol ris rûzje. Mar ik wit net. Wy ha der nea oer prakkesearre. Skiede diene minsken yn ús tiid net, wol ’k leauwe. Teminsten, ik ha der doe noait fan heard.

Douwe: Dat wie wol lekker oersichtlik fansels. Gjin ex-heiten dêr’t je sa noadich wer mei op en út mutte en gjin nije lovers fan je mem dy’t miene dat se ik wat oer dy te sizzen hebbe. Mar dêr het dizze gelukkich gjin lêst fan. Dat mut dy chappie ik net probeare, fanself. Dus om my mei se noch wol even by dizze bliuwe.

Pake: Bedoelst te sizzen dat jim mem al mei mear manlju… Mar jim heit is dochs noch mar in pear moanne fuort?

Hy makket in machteleas gebeart. Dan komt Sytske deroan om Karel foar te stellen, mar pake bliuwt sitten.

(tongersdei fierder)

maaie 12, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.