Pakes comeback (4)

maaie 1, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Hm. De omgongsfoarmen binne wakker feroare neffens eartiids. By it stasjon besocht ik by de tafallige passanten te ynformearjen hokfoar bus ik nedich hie. Mar hja eagen allegearre dwers troch my hinne en rûnen straal troch. Doe’t wy jong wiene waard de âlderein achtenearre, mar dêr murk ik no neat fan. En dy auto’s dêre, dy ride as gekken. Der lei in hiele grutte wetterpuozze en dêr joegen se noch wat ekstra gas. Ik stie der tafallich krekt njonken en nei in pear auto’s wie ’k dweiltrochwiet. Mar hawar, in âldere hear hat my op it lêst de goeie halte wiisd.

Douwe: Ja, ja, boeiend. (gappet) Euh…, gongen de bussen noch wat op tiid?

Douwe boartet mei syn telefoantsje en jout net de yndruk dat hy nei pake harket.

Pake: Ja, de bus wie wol op ’e tiid, mar de trein eine as in lûs op in tarre presinning. Blêden op de rails, waard grute. Dat dy kaam fierstente let oan en sadwaande moast ik dochs in skoft op de bus wachtsje. Mar ik hie de tiid oan mysels. Dus ik ha my mar neat oanlutsen fan it minne waar en myn trekken waarnaam om my ris in hoartsje te fertrêdzjen en wat om my hinne te sjen. Witst wol dat beppe en ik yn dizze stêd hikke en tein binne? Ja, ús fuotleasten stean hjir rûnom, om it samar ris te sizzen. Pas nei ús trouwen binne we hjirwei gien, mar foardat jim mem berne is. Dat is, lit my ris sjen, hast fyftich jier lyn. Tafallich dat jim jin hjir no ferline jier nei wenjen set ha. Ik hie daliks al sin oan om ris by jim te sjen, mar der kaam neat fan op ’e hispel. Jim beppe wie hieltyd o sa heal fansels en we wiene ek wat skruten doe’t we hearden dat it net mear sa goed akkordearre tusken jim heit en mem.

Douwe: (hat net folle meikrigen fan wat pake sein hat) Ja, ja, lekker faach. O, ik leau dat Sytske klear is mei de kompjûter. (Dy skoot yndie krekt de taart yn de ûne.)

Douwe rint mei syn tee nei de kompjûter yn de keuken en giet derefter sitten, Sytske giet by pake sitten en jit in bakje tee yn.

Sytske: Hè, hè, even in bakje tee.

Pake: Sei ’k.

Sytske: Wat seine jo?

Pake: Dat dy bern dy dookje en by de foarnamme neame. Dêr sprekt net folle achtenearring út.

Sytske: Nee, dat is sa. Mar dat beleefde is út de tiid, heit.

Pake: Ja, dat ha ’k murken. Dat fertel ik niis oan dy jonge fan dy, der wie op it stasjon net ien dy’t in momint hohâlde woe om my te fertellen hokfoar bus ik ha moast. Mar hawar, ik ha it oprêden. Mar wat is it hjir feroare, jù, leave santjin. Men kin jins stêd net mear werom. Ik ha hast neat bekends mear sjoen. By it stasjon begûn it al. In hiel oar gebou en fierders oars neat as asfalt en auto’s. Ik miende earst in hoartsje dat ik yn it ferkearde plak útstapt wie.

Sytske: Heit hie ek even belje moatten. Dan hiene we heit wol ophelle. Al hie it mar fan it stasjon west. Nynke hie dat bêst even dwaan kinnen, dy hat krekt noch om boadskip west.

Pake: No, mei dy koffers op de fyts, dat liket my oars net sa noflik ta.

Sytske: O, dat witte jo fansels noch net. Nynke hat har rydbewiis ferline wike helle en toen hat se de oare deis in nije auto krigen fan Piter.

Pake nimt krekt in dikke slok en ferslokt him der ôfgryslik yn. Sytske kloppet him op ‘e rêch.

Pake: No makkest dochs in grapke, hoopje ik? Sa’n famke kriget dochs net samar in auto kado? Al sil it dan in hiel âld weintsje wêze.

Sytske: Nee, wat soe it, nagelnij. Mar al dy dames fan har leeftiid skuorre yn hun eigen autootsje om, dus Piter fûn seker dat sy net mei minder ta koe.

Pake: Mar dan bedjert er har dochs yn ’e grûn!

Sytske: Ábsolút!

Pake: Wat seist?

Sytske: Absolút, eh… Ik bedoel dat ik it mei jo iens bin. Hy bedjert har wol wat. Mar jo kin it der sels mei har oer ha, want se komt der krekt oan. (Nynke kom wer op) Dan sil ik noch even wat hapkes meitsje foar it feest. Nynke, der is tee en pake wol wol even mei dy prate.

Sytske rint fuort en begjint wer yn de keuken om te dideljen: se makket hapkes (se snijt wat tsiis, of sa). Nynke jit tee yn en giet sitten.

(takomme moandei mear)

maaie 1, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.