Online fûgelsjochhutte ‘De Ral’

maaie 6, 2020 08:48

Burdmantsje (foto: It Fryske Gea)

By Piaam leit tsjin de Iselmardyk it natuergebiet de Koaiwaard, neamd nei de einekoai dy’t efkes fierderop oan de Koaireed te finen is. Dêr foaroer rint in trep by de Iselmardyk op. Fan it ‘bordes’ op ’e dyk hat men in prachtich útsjoch oer de Koaiwaard, de Makkumer Súdwaard en dêrefter de Iselmar. Men kin de fûgelsjochhutte dêr ek goed stean sjen op ’e râne fan in slinke tusken de Makkumer Súdwaard en Koaiwaard. De fûgels binne online besjen.

Fûgelryk útsjoch
De fûgelsjochhutte jout útsjoch op reidsompe, de Iselmar en it ûndjippe wetter fan de Piamergeul, faak mei wetterfûgels lykas eastein, knobbelswan, berchein, slobein, blauwe ielreager en wetterhintsje. Sûnt de grutte wite reager op ’e Makkumer Noardwaard briedt, sliepe soms wol tachtich fan dy reagers foar de hutte. Leppelbekken binne ek geregeld te sjen, lykas ferskate soarten steltrinners en by in lege wetterstân sels grutte klikstirns.

Fiskearn (foto: It Fryske Gea)

Yn ’e hjerst ferskynt de fiskearn dy’t graach yn ’e slinke en de Iselmar jaget. Spesjaal foar dy fiskleafhawwer binne twa deade iken yn it wetter foar de hutte pleatst. Nei in fisktochtsje kin er dêr syn fangst opite en útrêste, wat de fûgeler der in prachtich sicht op jout.

It Fryske Gea hat it skala oan fûgels dat dêr graach tahâldt, op in rychje set, sadat se thús ek te besjen binne.

maaie 6, 2020 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.