Oer Fryske literatuer, keatsen en stjerrekunde

maaie 25, 2020 16:24

troch Abe de Vries

Abe de Vries. Foto © Tresoar Haye Bijlstra

Jan Pieter Janzen (1945-2005) kaam út Easterbierrum. Ik ha him noch krekt in pear jier meimakke as de redakteur fan Trotwaer yn de tiid dat it blêd opnaam waard yn de Moanne; ûnder syn bewâld mocht ik begjin 2002 debutearje as dichter.

Sjoerd Janzen (1955-2006) kaam ek út Easterbierrum en wie in neef fan Jan Pieter. Sjoerd koe ik earst as earsteklas-keatser; letter ûntjoech er him as byldzjend keunstner. Yn 2011 wie der in prachtige tentoanstelling fan syn wurk yn de âlderlike pleats oan de Konkelswei yn syn bertedoarp.

Pieter Scheltes Janzen (1859-1943), berne yn Frjentsjer, ken hast net ien mear, mar wa’t in bytsje yn de Fryske lettertún fan foar de oarloch omarbeidet, komt syn namme grif tsjin as skriuwer fan alderhande stikken en stikjes foar bygelyks it blêd Sljucht en Rjucht. Pieter Scheltes wie arsjitekt yn Meppel, letter Dimter.

Wat hawwe boppesteande trije minsken mienskiplik? Ja, har achternamme. En har relative bekendheid, yn har tiid, yn Fryslân. No state ik yn myn neispeuringen nei lûden oer Waling Dykstra op it gegeven dat alle trije ôfstamje fan in man dy’t hjoed-de-dei noait mear neamd wurdt, mar dy’t de muoite wurdich is om út de djipsee fan de kollektive ferjitnis te rêden. Dy man is de Doanjumer boer, ynstrumintemakker en amateur-stjerrekundige Willem Jans Janzen (1781-1857), in freon fan sawol Planetariumbouwer Eise Eisinga as, yn de lêste pear jier fan syn libben, fan Waling Dykstra doe’t dy yn Frjentsjer wenne.

Dizze Willem Jans wie de pake (fia dy syn tredde houlik) fan Pieter Scheltes en de bet-bet-oerpake (fia syn twadde houlik) fan Jan Pieter en Sjoerd. Fan Willem Jans Janzen soe, neffens syn tiidgenoat en de earste skiedskriuwer fan Frjentsjeradeel, de doperske skoalmaster fan Doanjum Haring Wiegers Steenstra, nochris in libbensbeskriuwing komme moatte:

Hoe gaarne wy hier eene korte levensbeschrijving wilden geven van Willem Jans Janzen, geboren en landbouwer te Dongjum, en hoezeer zijne door eigene oefening vekregene kennis in de aardrijks-, geschied-, natuur-, sterre-, werktuigkunde en kunstwerken zulks verdienen, moeten wij om de zedigheid des bescheidenen mans niet te kwetsen, zulks aan den nakomeling overlaten, echter in vertrouwen, dat deze niet zal nalaten dezelve naar waarde te schatten. 

Janzen, skriuwt Steenstra, wie syn belangrykste boarne by it skriuwen fan syn yn 1836 ferskynde Oudheidkundige aanteekeningen van de dorpen en kloosters der grietenij Franekeradeel. Hy koe dus noch mear as buorkje, de stjerrehimel bestudearje en ynstruminten meitsje, hy wie ek in man fan skiednis en skriftekennisse. Jan Brouwer, dopersk predikant yn Ljouwert, wiist yn in foarrede by in werútjefte (1824, 1831) fan de doedestiids bekende beskriuwing fan it Frjentsjerter planetarium troch de heechlearaar J.H. van Swinden, Janzen oan as dyjinge dy’t nei 1818 op basis fan tekeningen fan syn freon Eise Eisinga in lyts planetarium foar him boude. Dat lytse planetarium is bewarre bleaun en noch tsjintwurdich yn it Planetarium te bewûnderjen; it is ek te sjen op it skilderij dat Willem Bartel van der Kooi yn 1827 fan Eise Eisinga makke.

P. Schuringa nimt yn 1908 Janzen op yn it lange rychje amateur-stjerrekundigen en ynstrumintemakkers út Noardwest-Fryslân. H. Sixma makket ek melding fan him yn 1934 yn it tydskrift Popular Astronomy. Spitigernôch hawwe de gearstallers fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (2016) dizze bysûndere boer mar oersljuchte of domwei oer de holle sjoen: Willem Jans Janzen stiet der net yn.

Hie syn pakesizzer Pieter Scheltes noait oer him skreaun, dan wie er miskien yn it ferjitboek rekke, mar de Meppeler stikjeskriuwer lit ús graach wat oer him witte, want dy is grutsk op syn pake (ek al hat er him noait kend). Yn 1906 en 1922 hat er yn Sljucht en Rjucht stikjes oer ‘Us pake Willem’, dy’t neffens him behalve mei Eise Eisinga ek befreone west hie mei Waling Dykstra. Ik lit Pieter Scheltes efkes oan it wurd:

(..) en doe bliek, dat Waling-om yn syn jonge jierren, yn syn Frjentsjerter tiid, folle by ús pake yn hûs kaam. Dy pake Willem Jans Janzen, earen boer te Doanjum, wenne letter te Frjentsjer op in saneamd heare-boerespultsje oan ’e Ljouwerter feart, efkes bûten de keatsfjildsbrêge. Fan him gyng de rop út, dat er wie ‘in nuvere man’. (..) mar pake skaaide alhiel út as men him ferliek by syn tiidgenoaten. Hoewol boer fan komôf (in saneamde eigen-erfde) fûn hy gjin geniet yn syn bedriuw, mar socht it yn oare dingen fan hegere oarde. As er syn feinten efter de kij rinne liet en syn arbeiders yn it boulân omwrotten seach, dan hie pake syn sinnen op hiel oare dingen en as er befûn, dat de saken geregeld har gong gyngen, dan teach er oan ’e stúdzje. Wis- en wurktúch en stjerrekunde wienen syn leavlingsfakken. Hy makke sels yn alle ûnderdielen stjerrekikers, octanten en troch syn omgong mei syn âlde freon Eise Eisinga, sette er in lyts planetarium ynelkoar, dat men hjoed de dei noch sjen kin yn ’e âldheidskeamer op it stedhûs te Frjentsjer. 
As oare boeren yn syn omjouwing har ferdjippen, foar safier’t har bytsje ferstân it taliet, yn ûngenietlike swier op ’e hânske lektuer, siet pake te lêzen yn wittenskiplike wurken fan ferneamde gelearden en socht yn tapassing te bringen, troch middel fan proeven en berekkeningen, wat hja as teory ferkundigen. 
Dat wurk koste tiid en ynspanning en as it ien of oare him te machtich wie, dan klampe pake in prefester fan it Frjentsjerter Athenaeum oan om te witten te kommen, wat er witte woe. 
Nou, fansels, sa’n boer wie yn ’e eagen fan ’e domme soksussen om him hinne ‘in nuvere man’. 
Lokkich hie men yn Fryslân mear fan dy ‘nuvere mannen’. Bruorren van der Bilt, Eisinga, de skrandere Rienks en oare allegearre ‘self made men’ wienen sokke fernimstige minsken. Hja wienen lykas Jacobus Scheltema earne sei: ‘edele raspaarden te midden fan een troep baltende ezels en knorrende varkens’. 
Waling Dykstra fertelde faak mei nocht hoe’t myn skerpsinnige pake fan him ôffjurje koe, as men him tenei kaam. It moaie gedicht fan prefester Pieter Nieuwland, dat titele is ‘Orion’, koe de âld-boer sa mar mei krêft en gloed resitearje. Hy libbe deryn as er de steatlike pracht fan it skitterjende stjerrebyld oan ’e winterhimel beskreau. Dykstra sei ris tsjin my: ,,Jo pake wie syn tiid fier foarút.” 

Hoefolle oft der no krekt fan alle lof oan is, dat kinne wy net mear witte; wol sille wy mar rekkenje dat dizze Willem Jans Janzen der in moai eintsje útrûn ferlike mei it measte boerefolk. Doanjum hie yn de achttjinde iuw de thúsbasis west fan de Goslinga’s; it kastieltsje fan de grytman fan Frjentsjeradiel Sicco van Goslinga (1664-1731) stie sa likernôch op it plak fan it lettere keatsfjild. Dat sil der miskien ek sines ta dien hawwe dat in ienfâldige doarpstimmerman as Wytse Foppes (1706-1778) himsels opwurkje koe ta rekkenmaster, ynstrumintemakker, ‘boereprofessor’ en in learmaster fan Eise Eisinga. Foppes wie ien fan dyjingen dy’t de foarsizzing fan de Boazumer dûmny Eelco Alta, dat yn 1774 de wrâld fergean soe troch in konjunksje fan Mars, Venus, Merkurius en Jupiter, ûntkrêfte. Eisinga woe de foarsizzing wjerlizze mei de bou fan syn planetarium.

Willem Jans Janzen wie in foar dy tiid hiele grutte eigenerfde boer. As er yn 1836 syn lân en pleats te keap oanbiedt, jout de advertinsje yn de Leeuwarder Courant (9 desimber) dizze beskriuwing:

Een voortreffelijke Zathe, met voor weinige jaren nieuw gebouwde Huizinge, Schuur, Lijtshuis, Hovinge en daarbij behoorende vruchtbare, in besten staat zijnde Bouw- en Greidlanden, volgens Kadaster groot 43 bunder 94 v. roede 80 v. el, en belastbaar naar f 1595,20 voor de Landen, en f 54 voor de Gebouwen, met uitzondering van 4 bunder, onder het Klooster Lidlum, staande en gelegen te Dongjum, zeer gerijfelijk bij het dorp en den Rijdweg, de Gebouwen aldaar no. 10, thans bij den Eigenaar Willem Jans Janzen bewoond en gebruikt, Petri en Mei 1837 vrij te aanvaarden; en nog een Huis en grooten Tuin, staande en gelegen aan den Kruisweg te Dongjum, aldaar no. 19, thans bij Rintje P. Westra en anderen bewoond; den 12 Mei 1837 te aanvaarden.’ 

Opbringst: f 30.000,- In pear moanne letter, op 7 april 1837, is der boelguod op ’e pleats. Ferkocht wurde, neffens ynformaasje yn de Leeuwarder Courant (24 maart):

(..) 25 Koeijen, waaronder 1 vare, 7 Paarden, waaronder 1 bereden, 1 vole, en 1 enter, 3 beslagene Hooiwagens, 5 Aardkarren, 2 Ploegen, 7 Eggen, 1 Voer-egge, 2 Landrollen, 1 Dorschrol, 1 Wijnne, 1 Snijbank, 1 Koolzaadwagen, 1 Rasp, 1 Moudbord, 1 Tijme, 1 Karnmolen, 1 Tjenne en Molkenvaten, koperen Emmers en Aaden, houten Emmers, Tobben en Booitsen, 1 Kaaspers en Boterladen, Schalen en Gewichten, Koe- en andere Kettingen, Harken, Vorken, Zijllen, Rommelingen, een Mesthoop, ongeveer 3000 beste Boonschoven, 6000 Weitsluik, 1300 Haversluik, 3000 Rogsluik; voorts Eenige Timmer- en Draai-gereedschap, 3 eiken Kabinetten, 1 Pulpitum, 1 Huisorgel, 2 Uurwerken, 1 Spiegel, Tafels, Stoelen, Koper, Tin, Steen-, IJzerwerk en wat meer zal te voorschijn komen. 

En dêr komme noch by, neffens de rubryk ‘Aanmerkingen’ fan deselde dei: ‘10 Beste vette Schapen, 2 Chaisen, zoo goed als een nieuw Gereid, 2 Wagenkussens en een Bolderwagen.’

De opbringst fan it boelguod berûn mear as f. 4.000,- Willem Jans Janzen kocht foar f 2.000,- in hûs yn Frjentsjer en joech him dêr fan 1836 ôf del te rintenierjen oant syn dea yn 1857.

No mei de Fryske literatuer syn pakesizzer Pieter Scheltes wol tige tankber wêze dat dy de muoite naam hat wat oer syn pake te swetsen – al wie ’t mar om dy fermelding fan dat gedicht ‘Orion’ fan Pieter Nieuwland (1764-1794). Dat Willem Jans Janzen dat doedestiids bekende gedicht fan de Leiense heechlearaar stjerrekunde (wat er mar ien jier west hat, doe kaam er te ferstjerren) út ’e holle koe, sil sjoen it foargeande wol klopje. Mar lês dat fers ris, en lis dat ris neist it prachtige earste ‘Regine-fers’ fan Harmen Sytstra, ‘In dei yn ‘e neisimmer’, út syn Jouke Rommerts’ scriften fan 1841. Dan is de ferûnderstelling dat Sytstra syn ynspiraasje by Nieuwland weihelle hat net sa hiel fier socht.

Miskien letter mear hjiroer. Earst mar tige tank, Jan Pieter, Sjoerd, Pieter Scheltes, Willem Jans!

 

maaie 25, 2020 16:24
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman maaie 26, 08:38

    Moai ferhaal Abe!

  2. Abe maaie 26, 16:12

    Tankewol, Kerst. Der is noch in soad te dwaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.