Eksperimint foar balâns op wenningmerk yn noardeastlik Fryslân

maaie 17, 2020 08:49 Fernijd

De provinsje Fryslân en de gemeenten Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe mei-inoar ôfspraken makke oer de wenningbou yn de regio Noardeast-Fryslân foar de kommende 10 jier. Deputearre Fokkinga: “De gemeenten krije mear romte en eigen ferantwurdlikheid binnen de kaders fan de provinsje. Wy wolle ta op in wenningmerk yn de regio dy’t yn balâns bliuwt, mar op sa’n manier dat gemeenten ek plannen realisearje kinne.” Yn de foarm fan in eksperimint mei de regio oant 2025 sels oan ’e slach op de wenningmerk.

Foto: Provinsje Fryslân

Takomstbestindige wenregio
De regio stiet de kommende jierren foar in fikse útdaging op de wenningmerk. De omfang en gearstalling fan de befolking feroaret en dêrmei de fraach nei wenningen. De gemeenten sjogge dy útdaging op harren ôfkommen. Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel is út namme fan de gemeenten bestjoerlik lûker fan de wenjen-opjefte: “Wy hawwe de provinsje eksperimintearromte frege om fluch en fleksibel ynspylje te kinnen op fraach en oanbod op lokaal nivo. Sa kinne wy maatwurk leverje foar in kwalitatyf wenningoanbod yn ús regio.” Deputearre Steaten jouwe de gemeenten no mear ferantwurdlikheden op de wenningmerk. “De regio dizze útdaging oangean”, neffens Fokkinga. “Wy hâlde de kommende perioade oerlis mei-inoar om te sjen wat de resultaten binne en hoe’t dy’t har ferhâlde ta de prognoaze.” De oerheden sette sa mei-inoar yn op in takomstbestindige wenregio.

Eksperimint rjochte op balâns yn wenningmerk
It eksperimint is rjochte op it finen fan in goede balâns tusken de fraach fan no en it wenningferlet yn de takomst. De gemeenten kinne yn it ramt fan it eksperimint nije wenningbouplannen meitsje dy’t goed oanslute op it hjoeddeiske en takomstige wenningferlet. De gemeenten krije foar projekten yn de kearnen sels de rezjy op it tal wenningen. Projekten bûten de kearnen wurde allinne ûntwikkele as it net mear mooglik is om yn de kearnen te bouwen en der wol oanwiisber ferlet fan nijbou is. Dêrfoar wurdt troch de gemeenten en de provinsje in passende oplossing levere. De provinsje jout as ramt mei dat alle gemeenten in eigen (fleksibel) wenningbouprogramma opstelle. De opnij ikere regionale wenningmerkanalyze 2020 is yn tarieding en jout gemeentebreed rjochting oan it programma. Om it healjier wurdt de fuortgong fan it eksperimint mei-inoar besprutsen oan ’e hân fan dy analyze.

Wenningen de Sintrale As
De provinsje en de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel hawwe ek oerienstimming berikt oer de ‘ekstra’ wenningen dy’t tasein binne as kompensaasje foar de oanlis fan de Sintrale As. Earder hat de gemeente Dantumadiel dêr al foar in part gebrûk fan makke troch de planning fan 35 wenningen yn it plangebiet ‘de Bosk’ yn Feanwâlden. Beide gemeenten krije de mooglikheid om foar 2030 de oerbliuwende wenningen te realisearjen. Foar Dantumadiel giet it om 115 wenningen en foar Tytsjerksteradiel om 150 wenningen.

maaie 17, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.