Nij Frysk berneboek: ‘Akkie op ’e pleats’

maaie 12, 2020 09:25

By útjouwerij Bornmeer ferskynde dizze wike it nije Fryske berneboek Akkie op ’e pleats, skreaun troch Debbie van Elden en mei yllustraasjes fan Els van Elden.

Ofbylding: Bornmeer

Akkie hâldt fan jonge bisten. En wêr kinst dan better wêze as op ‘e buorkerij? Tegearre mei de boer sjocht se har eagen út. Kealtsjes sobje har oan ’e hân, lamkes lizze te sliepen yn it strie, de bargen gnoarje foldien yn ‘e stâl… Akkie woe dat se hjir wenne! Wat soe se allegear noch mear tsjinkomme?

Debbie van Elden is fan jongs ôf drok dwaande mei taal, en dat komt dúdlik ta utering yn de troch har skreaune gedichten en ferhalen.

Els van Elden is biblioteekmeiwurkster yn it noarden fan ‘e provinsje. Sy seach dat it oanbod fan Fryske boeken eigentlik mar frij beheind is, dat sy wie fuortendaalks wakker entûsjast doe’t har dochter foarstelde om tegearre in berneboek te meitsjen. Sa waard Akkie berne, in nijsgjirrich famke dat graach op aventoer giet op it Fryske plattelân.

Debbie van Elden – Akkie op ’e pleats (mei yllustraasjes fan Els van Elden)
Utjouwerij Bornmeer | ISBN 978 90 5615 6275 | hurd kaft | hielendal yn kleur | 32 siden | € 7,90

Te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

maaie 12, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. - maaie 13, 08:10

    Anky

  2. - maaie 13, 08:11

    Akky

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.