Net te geastlik wurde!

maaie 3, 2020 07:00 Fernijd

Doe’t se it lykwols fan blydskip en ferbazing noch net leauwe koenen, sei Er tsjin harren: Hawwe jimme hjir ek wat te iten? Se joegen Him in stik brette fisk. Hy naam it oan en iet it foar har eagen op (Lukas 24:41-43)

Meditaasje troch dû. David de Jong, Den Ham

Skriftlêzing: Lukas 24:33-49

Hjoed binne wy healwei Peaske en Himelfeart. Alle jierren is it wer as ferflechtiget Jezus yn dy perioade fan fjirtich dagen fan in libbene persoan yn in ynspirearjende gedachte. Teminsten, sa giet it my wolris. Dit jier is dat al hielendal sa. Us libben wurdt behearske troch dat koroanafirus en alle maatregels dêrtsjin. Net troch Jezus, dy’t dea west hat en libbet oant yn alle ivichheden.

Mar as Jezus yndied by ús ferflechtiget ta in moaie gedachte dêr’t wy op dit stuit net folle mei kinne, makket Lukas, yn it lêste ferhaal fan syn evangeelje, Jezus’ ferrizenis ynienen wol hiel konkreet. Wannear’t Jezus oan syn learlingen ferskynt en sy miene in geast te sjen, yt Jezus foar harren eagen in stikje bakte fisk op. Dat is sa plastysk, dat it suver beskamsum wurdt. Moat Jezus him ta dat nivo ferleegje om syn learlingen derfan te oertsjûgjen dat Er it wier sels is?

Ja, dat moat Er. Want dêrút docht bliken dat Er noch altiten deselde is. Mei de wurden fan Paulus: ‘Hy hie it stal fan God, mar Hy hâlde der net mei alle macht oan fêst om oan God gelyk te bliuwen. Nee, Hy hat ynstee Himsels priisjûn troch it stal fan in tsjinstfeint oan te nimmen en oan de minsken gelyk te wurden’ (Filippiërs 2:6,7). Dat stal fan in tsjinstfeint hat Er noch altyd, ek no’t Er yn hearlikheid ferriisd is. Hy fielt him net te grut en doch wat hiel ienfâldichs om syn learlingen rêstich te meitsjen. De ôfstân dy’t ik fiel ta dat soadsje primitivelingen dat noch yn spûken leaut, fielt Hy net. Dat is beskamsum, foar my.

Likemin as Jezus by syn ferhearliking syn nederigens ôflein hat, hat Er syn lichem ôflein. Jezus bringt ek ús dat wer yn ’t sin, as ús belibjen fan syn ferrizenis wat al te geastlik wurden is. As Jezus aansten nei de himel opfart, wurdt Er dus net hieltiten diziger oant der fan him allinnich noch wat ynspirearjende ideeën oer binne. Jezus lit syn learlingen syn hannen en fuotten sjen, dêr’t de wûnen fan de spikers noch ynsitte. Dat betsjut net allinne dat de fersoening fan de sûnden noait wer oergiet. Dat betsjut it ek en it is in moaie gedachte. Mar Jezus is gjin moaie gedachte. Syn wûnen binne net geastliker as ús wûnen, mar like ierdsk as ús wûnen. De groeden yn syn hannen en fuotten binne like konkreet as de ritssluting dy’t ien oerholden hat oan in hertoperaasje, en it gat yn Jezus’ side is like konkreet as de stoma dy’t ien oerholden hat oan in termoperaasje.

As dat plat is, dan is it evangeelje fan Peaske yndied plat. Mar wês der mar bliid mei. Want dan giet it ferhaal fan de ferrizenis net oer in libben dat himelsker is as ús libben, mar oer in libben dat like ierdsk is as ús libben. Dat libben hat de Soan fan God him eigen makke doe’t Er minske waard. Hy waard doe net allinnich minske, mar ek fleis. Syn dea wie like lichaamlik as ús dea, en dêrom sil ús ferrizenis like lichaamlik wêze as syn ferrizenis.

Lykas Job al sei: “Al is myn omskot dan ôfbrutsen, dochs sil ik út myn fleis wei God oanskôgje” (Job 19:26). Wat Job dêr krekt mei bedoelde, is noch net sa maklik te sizzen. Faaks wist Job it sels ek net. Mar yn it ljocht fan Jezus’ ferrizenis betsjut it de wissichheid dat dit skeinde libben mei dit skeinde lichem wer geef wurde sil. Net yn in geastlik libben nei dit libben, mar hjir, oan dizze kant fan it grêf komt it wer goed.

Us leauwe moat net al te geastlik wurde. Us lear net en ús libben net. Neffens Lukas wie de lêste died dy’t Jezus op ierde dien hat it iten fan in stikje bakte fisk. Wy kinne yn dizze tiid fan koroana foarinoar bidde en dat moatte wy ek wis en wrachtsjes dwaan. Mar leauwe kin no ek betsjutte dat wy foar it glês fan minsken dy’t opsletten sitte yn it tehûs ferskes sjonge. Jezus yt in fiskje, net omdat Er dat sels nedich hat, mar omdat oaren dat nedich hawwe. Wêr sille wy ús dan te goed foar fiele, as wy der in oar mei helpe kinne?

maaie 3, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.