Net as wezen

maaie 21, 2020 07:00

Sjoch, Ik bin alle dagen by jimme oan ’e ein fan ’e tiden ta. (Mattéus 28:20)

Meditaasje

Rembrandt van Rijn

Op dizze Himelfeartsdei, wol ik omtinken freegje foar de tasizzing dy’t Jezus mei it each op it ôfskied fan syn learlingen dien hat: dat Hy har net as wezen achterlitte soe. Sa stiet it yn it evangeelje neffens Johannes (14:18). By Mattéus hat Jezus itselde sa ferwurde: ‘Sjoch, Ik bin alle dagen by jimme oan ’e ein fan ’e tiden ta.’ It is it lêste fers, it lêste wurd fan it evangeelje. In machtich slútakkoart. Dêr kin noch wat oan taheakke wurde. Eigentlik begjint it evangeelje der ek mei, wannear’t yn it earste haadstik sein wurdt dat it krystbern Emmanuel neamd wurde sil: ‘God mei ús’ (1:23). Ja, it evangeelje begjint dermei en it slút dermei ôf: dat God mei ús is, yn Jezus Kristus. Yn Him hat Er syn namme, ‘Ik bin dy’t Ik wêze sil’ (Exodus 3:14), ear oandien, wiermakke.

Jezus hat by syn ôfskied net allinnich de tasizzing dien dat Er syn learlingen net as wezen achterlitte soe. Hy hat ek sein dat Er werkomkomme sil. Op de dei fan syn himelfeart seine twa manlju yn wite klean, ingels, tsjin syn learlingen, dy’t der doe hielendal ôf wiene: ‘Dy Jezus, dy’t no by jimme wei nei de himel opnommen is, sil op ’e selde wize weromkomme as jimme Him nei de himel tagean sjoen hawwe.’ (Hannelingen 1:11) Wy libje yn de ferwachting fan it weromkommen fan Jezus. Undertusken, oant dy tiid, oant dy ivichheid meie wy witte dat de Heare God yn Jezus Kristus altiten mei ús is. Yn goeie en yn minne tiden. Ek yn dizze ûnwisse tiid fan de koroanakrisis. It minsklik libben kin samar faai stean, hat de lêste tiid mear as ea bliken dien.

De Heare God is yn Jezus Kristus altiten mei ús. Mei dat ús oertsjûging wêze, sa’t de belidenis fan de dichter fan Psalm 31 is, dat syn tiden yn Gods hân lizze (Psalm 31:16). Yn de Fryske bibeloersetting fan 1978 is dat sa werjûn: ‘Myn takomst leit yn jo hân (…)’ Yn it Hebriuwsk is de folchoarder krektoarsom. Dan soe it sa wêze moatte, noch justjes sterker: ‘Yn jo hân leit myn takomst (…)’ Wy meie ús eigen takomst sjen yn it ljocht fan Gods takomst, wannear’t Jezus weromkomme sil om alles nij te meitsjen. Dan jildt: ‘No is Gods wente by de minsken, Hy sil by harren wenje, hja sille syn folk wêze en God sels sil by harren wêze.’ (Iepenbiering 21:3) Dan sil de Heare God dus hielendal neiby wêze. Yn dit ramt, no’t wy it oer Gods takomst hawwe, wol ik noch wize op de Fryske oersetting fan in rigel út de Apostoalyske belidenis fan it leauwe, dy’t ik persoanlik hiel moai fyn. De Latynske tekst is yn it Frysk net sa werjûn dat Jezus weromkomme sil om te oardieljen de libbenen en de deaden, mar dat Er weromkomme sil om rjocht te dwaan de libbenen en de deaden. As it om Gods takomst giet, jildt: ‘In nije himel en in nije ierde ferwachtsje wy neffens syn belofte en dêr sil gerjochtichheid har thús yn ha.’ (2 Petrus 3:13)

Jan Dirk Wassenaar, Hellendoorn

maaie 21, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.