Nei de oare kant fan ’e wrâld (wike 12)

maaie 28, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

It besef komt hieltyd mear dat ik al fier oer de helte fan myn Kuba-aventoer bin. Ien fan myn freonen giet oer twa wike al nei hûs, de oaren begjin juny en ik in moanne letter. We hiene it der dizze wike noch oer dat we inoar en Kuba bot misse sille. Myn freonen út Sina en Súd-Korea hawwe hjir op Kuba in better libben as yn harren eigen lân. Yn harren eigen lân fiele se in enoarme prestaasjedruk. Harren âlden fine it dêrom ek neat dat se oan it reizgjen binne. Dy wolle dat se ynvestearje yn ’e stúdzje of yn it wurk. Súd-Korea kampt net om ’e nocht mei in heech tal minsken dy’t besykje om harsels fan kant te meitsjen. De minsken hawwe lêst fan in te hege wurkdruk; der wurdt te folle fan harren ferwachte, neffens myn freondinne út Súd-Korea. Iksels fyn it wol wer noflik om mei hûs te kearen. Al sil ik it lân en alle minsken o sa misse.

Foardat it safier is sil ik yn  juny in lytse rûnreis troch Kuba meitsje. Fan it westen haw ik al in soad sjoen. Ik sil no nei it suden en dêrwei nei it easten en dan de noardkant lâns werom nei Havana. Myn lêste wike op Kuba wol ik graach yn Havana wêze en ôfskied nimme fan elkenien.

Woansdei wie it ien fan myn freonen syn jierdei. Wy hawwe it mei typysk Kubaanske muzyk, gebakjes en drankjes (rum dus) fierd. Der is op ’e jûntiid altyd wat te dwaan. Yn Havana is jûns altyd wol in konsert of in festival. Yn ’e jûntiid komme de Kubanen echt ta libben. Krekt hamsters.

Jierdeifeest mei Kubaanske muzyk

Dizze wike in soad mei skoalle dwaande west. De priveelessen foldogge my poerbêst!

Geeske van der Sluis

maaie 28, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 maaie 28, 08:56

    Ik fyn dizze stikken machtich. Ik ha wol faker yn it Karibysk gebiet west, mar noch nea op Kuba. Fyn it moai om in bytsje gefoel te krijen by sa’n nije reisbestimming. Nijsgjirrich, nijsgjirrich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.