Nei de oare kant fan ’e wrâld (wike 10)

maaie 14, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering.

Foarige wike saterdei siet ik moai betiid yn de lobby fan hotel Capri te wachtsjen op de bus. Foar elk reiske gean ik eins mei de bus fan dat hotel, omdat it in konfortabele bus is en hy komt altyd op ’e tiid. Dizze kear soe ik de bus hast misse. Om njoggen oere hinne rôp der in man: “Grisky, Grisky.” Ik siet te wachtsjen op: “Varadero, Varadero”, omdat dat it plak wie dêr’t ik hinne moast. Meastentiids roppe se de namme fan it plak om; it plak Grisky koe ik net. Oant ik de namme in pear kear yn ’e holle werhelle en ik my betocht: miskien is dit gjin plaknamme, mar myn eigen namme. Heare, heare. Ik hurd nei dat mantsje ta en ja hear, hy besocht myn namme om te roppen.

It buske sette my by in hiel moai en lyts hotel ôf. Ik wie wat earder as heit, mem en Andries, dus ik sneupte al moai wat yn it hotel om. Letter kamen de buskes op en ôf en einlings seach ik troch it rútsje it kopke fan Andries en letter heit en mem. Prachtich om se wer te sjen en moai om te hearren dat se in goede reis hân hiene.

It hotel yn Varadero

In hiel blauwe see, wyt strân, Kuba libres en in lekkere temperatuer. Wy hawwe in prachtige wike mei-inoar. By it swimbad kinne we moai byprate ûnder it genot fan in Kuba libre. Dy meie we alle fjouwer wol. De piña kolada’s ek wol trouwens. Doe’t ik ris op de hotelkeamer fan Andries en my kaam, lei menear dêr moai mei in piña kolada in fuotbalwedstrydsje te sjen. Foar de twadde helte hie er noch moai ien op reserve yn it kuolkastje.

Tiisdei hawwe we in dei nei Havana west. We hawwe âld-Havana, myn skoalle en Vedado, it plak dêr’t ik wenje, besjoen. Wy hawwe ek nei de minsken west dêr’t ik by wenje. Sawol myn famylje as hja wiene bliid om inoar ris te sjen. Dy minsken hjir betsjutte in hiele protte foar my. Ik fûn it dêrom bysûnder om harren oaninoar foar te stellen. Sels Ajax wie noch foar de telefyzje. Wat in moaie oerwinning!

Hjoed sille we snorkelje yn in koraalrif. Heit en mem hiene it hjir dik tweintich jier lyn alris dien. Heit is der wakker entûsjast oer, dus ik bin hiel benijd!

Ik hie heit, mem en Andries leaver by my holden, mar moarn yn ’e middei sille se al wer werom nei Nederlân. De tiid is foarby flein, mar wy hawwe echt in prachtige wike hân. Ik fûn it hearlik om wer ús eigen praatsjes te hawwen en gewoan byinoar wêzen. En ik moat sizze, it hotel foldie my ek poerbêst. Moarns oant jûns let stiene de cocktails en pannen iten foar ús klear. Wer ris wat oars as elke dei op ’e strún foar in bytsje iten. Ik koe der wol oan wenne.

Varadero – Links Geeske, twadde fan links mem, dêrnjonken heit en rjochts myn bruorke

Geeske van der Sluis

 

 

maaie 14, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.