Mûlekapkes ferplichte yn part Wite Hûs

maaie 12, 2020 10:14

De minsken dy’t yn de westerfleugel fan it Wite Hûs wurkje, it part dêr’t presidint Trump syn kantoar hat, wurde ferplichte om in mûlekapke te dragen. Amerikaanske media berjochtsje dat it personiel dêroer ynljochte is. Neffens The New York Times jildt de nije rjochtline nei alle gedachten net foar Trump sels.

Foto: Wikipedia/Nishkid64 (publyk domein)

Ferline wike waarden by twa stêfleden koroanabesmettings fêststeld. Ien fan de besmette persoanen wie Katie Miller, de wurdfierder fan fise-presidint Pence.

Trump brekt parsekonferinsje oer koroana ôf
Donald Trump hat syn deistige parsekonferinsje oer it koroanafirus juster ôfbrutsen nei in konfrontaasje mei ferslachjouwers. By de parsekonferinsje fertelde de presidint dat er de testkapasiteit drastysk opfierd hat. Der kinne no alle dagen 300.000 minsken test wurde op it koroanafirus, wylst dat earder 150.000 wiene. Al mear as njoggen miljoen Amerikanen binne op de goarre test.

In CBS-ferslachjouster frege wêrom’t dat sa wichtich is, wylst noch alle dagen Amerikanen oan it firus stjerre. Trump sei doe dat de sjoernaliste, dy’t fan Aziatysk komôf is, dy fraach oan Sina stelle moast. In ferslachjouwer fan CNN besocht dêrnei op de fraach werom te kommen, mar Trump hie syn nocht derfan en beëinige hookstrooks de parsekonferinsje.

maaie 12, 2020 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.