Miljoenen jierren âlde fulkaan ûntdutsen yn Noardsee

maaie 10, 2020 08:55

Kaartsje: Wikipedia/NASA

Der is in  nije fulkaan yn Nederlân ûntdutsen. It giet om in 150 miljoen jier âlde útdôve fulkaan. Hy leit hûndert kilometer benoardwesten fan Teksel, en is by tafal troch de Geologyske Tsjinst Nederlân fûn.

De nije fulkaan hat de namme Mulciber krigen, nei de Romeinske god fan fjoer en fulkanen. De fulkaan, dy’t djip yn ’e boaiem begroeven is, waard weromkend oan ôfwikings yn de struktuer fan de ûndergrûn en it ierdmagnetysk fjild op dat plak.

De fulkaan is de twadde fan Nederlân. Fyftich jier lyn waard de earste fûn, yn de Waadsee. Dêrneist binne der noch twa aktive fulkanen op Nederlânsk grûngebiet, op de eilannen Saba en St. Eustatius. De Geologyske Tsjinst, ûnderdiel fan TNO, slút net út dat der yn de Noardsee noch mear útdôve fulkanen binne.

Mulciber waard ûntdutsen doe’t geologyske gegevens fan de Noardsee opnij analysearre waarden. TNO die dat yn opdracht fan oalje- en gasbedriuwen, dy’t yn ’e boaiem fan de Noardsee nei ierdgas speure.

maaie 10, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.