Mienskiplike ferklearring kolleezjes Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

maaie 21, 2020 09:34

Sûnt 1 jannewaris 2019 wurkje de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân gear binnen de ramten fan ‘de sintrumregeling en it tsjinstferlieningshânfest gearwurking Dantumadiel en Noardeast-Fryslân’. Foar dy datum ferliende de amtlike fúzje-organisaasje DDFK alle tsjinsten oan de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân.

De gemeente Noardeast-Fryslân mei dêrunder Dantumadiel (boarne: Wikipedy – lisinsje GNU/GFDL)

De trije lêstneamde gemeenten binne mei yngong fan 1 jannewaris 2019 fusearre. Neffens de makke ôfspraken nimt Dantumadiel sûnt dy datum alle tsjinsten ôf fan de nije fusearre gemeente. Dat is regele yn in troch de gemeenten fêststelde sintrumregeling en in tsjinstferlieningshânfest, dêr’t de belangen fan beide partijen sa goed mooglik yn boarge binne. Yn de sintrumregeling binne ûnder oare ôfspraken makke oer jierlikse evaluaasjes fan de gearwurking. Beide kolleezjes binne nau by dy evaluaasjes belutsen. Ut in resinte evaluaasje hat bliken dien dat de tefredenheid oer de gearwurking tusken beide gemeenten oant hjoed noch net optimaal is.

Hoewol’t der in protte goed gien is, hat foaral it kolleezje fan Dantumadiel in stikmannich knyppunten yn de tsjinstferliening fan Noardeast-Fryslân ûnderfûn. It kolleezje fan Noardeast-Fryslân ûnderkent dy knyppunten, hat dy sels soms ek ûnderfûn, mar wol mei klam sizze dat dat past by de ûntwikkelfaze fan in organisaasje yn in pas fusearre gemeente en dat der just ek in protte goed gien is.

De beide kolleezjes hawwe ûnderwilens ferskate oerlizzen hân dêr’t de knyppunten dy’t út de evaluaasje nei foaren kamen en de mooglike oplossingsrjochtings yn bepraat binne, wêrûnder it foarmjen fan in ‘Team Dantumadiel’ yn de organisaasje fan Noardeast-Fryslân. Yn de bestjoerskommisje (it oerlisorgaan fan de sintrumregeling) fan 21 april 2020 is ôfpraat om de rieden oer de evaluaasje te ynformearjen en dat de út de evaluaasje fuortkommende organisatoaryske oplossings yntegrearre wurde sille yn in reorganisaasjetrajekt dat oansteande is.

De besprekkings tusken de kolleezjes hawwe lykwols noch net ta in foar beide partijen akseptabele oplossing laat. It kolleezje fan B&W fan Dantumadiel hat dêrom in brief stjoerd oan it kolleezje fan Noardeast-Fryslân dêr’t it yn meldt dat it op 6 maaie lêstlyn it foarnommen beslút nommen hat om mei yngong fan 1 jannewaris 2021 in twatal taken út de tsjinstferliening fan Noardeast-Fryslân oan Dantumadiel te skrassen. Dat binne de taken op it mêd fan romtlike oardering en kommunikaasje. It kolleezje fan Dantumadiel hopet troch it skrassen fan dy taken in bydrage te leverjen oan de syktocht nei in mienskiplike oplossing.

De gemeenteried fan Dantumadiel sil earst yn de gelegenheid steld wurde syn winksen en betinkings oer it foarnommen beslút kenber te meitsjen foardat it kolleezje fan Dantumadiel ta definitive beslútfoarming oergean kin. De brief fan it kolleezje fan Dantumadiel kin sjoen wurde yn it ljocht fan de ‘evaluaasje sintrumregeling en tsjinstferlieningshânfest’ lykas hjirfoar beskreaun. Beide kolleezjes sykje konstruktyf en saaklik troch nei foar beide partijen akseptabele oplossings salang’t it foarnommen beslút fan Dantumadiel noch net definityf is.

maaie 21, 2020 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.