Midas Dekkers: “Bêste medisyn tsjin koroana is de pil”

maaie 19, 2020 08:55

Biolooch Midas Dekkers (73) fertelt yn in fraachpetear yn de Belgyske krante De Morgen wêrom’t de antykonsepsjepil it bêste medisyn tsjin it koroanafirus is.

Foto: pixabay.com

Dekkers, dy’t sels gjin bern hat, leit út dat wêr’t te folle minsken berne wurde, ek genôch minsken stjerre moatte. Net as straf fan God, mar as gefolch fan de wize wêrop’t Mem Natuer har húshâlden fiert. Dekkers jout oan dat de minske him de ôfrûne hûnderten jierren fierste fluch en oerfloedich fuortplante hat. En wat mear in diersoarte yn oantal tanimt, wat mear de natuerkrêften har dêrtsjin fersette.

Binne der te folle minsken, dat stiicht it tal fijannen fan de minske. By gebrek oan liuwen en bearen binne dat foaral syktekimen. Yn dit gefal is it koroanafirus de kweadogger, mar it hie krekt sa goed in oar firus of in baktearje wêze kinnen. Yn Dekkers syn eagen soene alle regearen minsken stimulearje moatte om gjin bern te meitsjen. Mar it tsjinoerstelde bart, op alle nivo’s wurdt it krijen fan bern oanmoedige en dat hat wrâldwiid ta oerbefolking laat.

maaie 19, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.