Measte âlden mije boarterstún nettsjinsteande ferromming

maaie 15, 2020 09:32

De measte Nederlânske âlden (62,4 persint) bringe harren bern net mear nei de boarterstún fanwegen it koroanafirus. Dat docht bliken út ûndersyk fan online âlderplatfoarm MiniMe.nl. It platfoarm ûnderfrege dêrfoar goed 1.200 âlden oer de wize wêrop’t se harren bern omgean litte mei oare bern.

Foto: pixabay.com

Nederlânske boarterstunen hawwe mei koroana gewoan iepen west, faak mei ekstra regels. Dochs docht bliken dat âlden boarterstúnbesite mei harren bern mije: 62,4 persint giet troch koroana net mear nei de boarterstún. 8,2 persint fan de ûnderfrege âlden jout oan noch altyd alle dagen te gean. 14.7 persint besitet de boarterstún heechút ien kear wyks en likernôch itselde persintaazje giet wykliks ferskate kearen.

Alden ferdield oer boarterskontakt
Mei oare bern boartsje is foar in protte âlden gjin opsje foar harren eigen bern. De measte âlden (37 persint) litte de bern, ek nei it wer iepenjen fan de basisskoallen, net mei oare bern boartsje.

Alden dy’t harren bern wol de frijheid jouwe om mei oare bern te boartsjen, binne ferdield. 33,7 persint stiet boartsjen mei alle bern ta, wylst 29,3 persint it boarterskontakt inkeld tastiet as it om kunde giet (famylje en goede freontsjes en freondintsjes).

Benammen ûnder âlden dy’t in poppe of pjut hawwe (0-3 jier) is sprake fan in dúdlike miening. 40,6 persint fan de âlden mei in bern fan 0 oant 3 jier, lit harren bern net mei oare bern boartsje. Besjoch hjir alle ûndersyksresultaten, ek binnen de oare âldensgroepen.

Unfeilich gefoel, mar foaral twivel by âlden
Nettsjinsteande it ferromjen fan de maatregels yn it basisûnderwiis, hâldt in part fan de âlden de bern thús. Neffens rûzing giet it lanlik om sa’n 55.000 bern, sa peilde de Algemiene Feriening Skoallieders (AVS). It ûndersyk fan MiniMe.nl makket oanfoljend dúdlik dat it yn 15,2 persint fan de gefallen om in gefoel fan ûnfeiligens giet, mar foaral troch twivel oer de feiligens (32,6 persint).

maaie 15, 2020 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.