Mâlferneamde terroristen yn Grinslân sjoen: hege beleanning foar tips
Resint ferskynd
Trije terroristen dy’t yn Dútslân socht wurde foar moard en oerfallen op jildtransporten en supermerken, binne sjoen op in kemping yn de provinsje Grinslân. Dat docht it Dagblad van het Noorden te witten. De Dútske plysje jout in preemje fan tachtichtûzen euro oan dejingen dy’t ien fan ‘e trije oanbringe.
De trije binne Daniela Klette, Burkhard Garweg en Ernst-Volker Wilhelm Staube. Hja binne al tritich jier flechtfuottich. Yn ‘e jierren santich wiene hja lid fan ‘e RAF, dy’t ferantwurdlik wie foar gâns bomoanslaggen, moarden en oerfallen.
Neffens de Dútske plysje hawwe de trije de lêste jierren yn Nederlân west. Yn 2016 kamen der tips dat hja yn Noard-Hollân en Fryslân sjoen wiene. Yn 2019 binne se yn Grinslân sjoen.
Mear ynformaasje fine jo by it Dagblad van het Noorden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje