Live Pubquiz mei Leo Blokhuis yn it Top 2000 onlinekafee

maaie 21, 2020 09:11

Ofrûne freed spilen goed 5000 minsken de live pubquiz yn it Top 2000 onlinekafee. Dat smakket nei mear. Dêrom organisearret de NTR freed 22 maaie, freed 29 maaie en freed 5 juny opnij in live pubquiz yn it onlinekafee. Fan 20.30 oere ôf stelt kwismaster Leo Blokhuis fia in livestream út syn wenkeamer wei fragen dy’t passe by Top 2000 a gogo. Dielnimmers spylje mei yn it kafee op top2000onlinecafe.nl. Yndividueel, of mei in tiim.

Foto: NTR

Meispylje is ienfâldich. Gean freed om 20.30 oere nei top2000onlinecafe.nl. Foar wa’t allinnich spilet, wiist it himsels. Wa’t as tiim spylje, moatte foarôf in tiimlieder oanwize. Dy klikt op de ‘Samen beleven’-knop rjochts yn byld, fiert in namme yn en dielt de url oer de mail mei de leden fan syn tiim. Troch op dy link te klikken, komme alle tiimleden terjochte yn in mienskiplike tsjetboks yn it onlinekafee, dêr’t se de striid oangean kinne mei tûzenen spilers yn hiel Nederlân. Let op: de funksje wurket inkeld op in kompjûter of laptop.

Wa’t syn/har muzykkennis teste wol, kin him/har no al oanmelde foar de kwis fan 22 maaie fia it Facebook-evenemint.

maaie 21, 2020 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.