Liet begjint ynskriuwing foar finale 2020

maaie 19, 2020 08:44

Frysk sjongfestival giet 6 novimber troch nettsjinsteande koroana

De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2020 is dizze wike begûn. Muzikanten dy’t meidwaan wolle, kinne foar 1 july in orizjineel liet ynstjoere. It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. Ynskriuwe foar Liet 2020 kin op www.liet.frl. De slutingsdatum is 1 july.

De finale fan Liet is op freed 6 novimber yn poppoadium Neushoorn te Ljouwert. Mei der fanwegen koroanamaatregels gjin publyk by de finale oanwêzich wêze, dan wurdt de finale streamd. “It hat fansels ús foarkar dat de dielnimmers spylje kinne foar in folle seal, mar as dat net mooglik is, dan soargje wy derfoar dat elkenien de finale thús folgje kin”, seit Gerard van der Veer, foarsitter fan Liet.

It sjongfestival hat dit jier ien foarwedstriid. In faksjuery beoardielet hokker tolve fan de ynstjoeringen har dêrfoar kwalifisearje. Nei live-optredens by Omrop Fryslân bliuwe der, mei help fan in digitale stimming ûnder it Fryske publyk, acht lieten foar de finale oer. Twa dêrfan wurde troch it publyk oanwiisd, de oare seis troch de faksjuery. Produksjelieder Tjallien Kalsbeek: “Wy hoopje, nettsjinsteande dizze drege tiid foar de muzykbrânsj, op in soad ynstjoeringen.”

Neist de finalisten trede ek seis bekende Fryske muzykakts op foar it nij ûntwikkele cross overprogramma fan Liet. Yn keppels fan twa skriuwe dy seis akts nije Fryske lieten en fiere dy út. “Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan. De wedstriid mei nije Fryske lieten fan jonge muzikanten is noch altiten hiel wichtich. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije saken probearje, lykas it stimulearjen fan bekende Fryske artysten om de Fryske taal mear yn harren repertoire te brûken”, neffens Van der Veer.

maaie 19, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.