Koroanakommunikaasje yn eigen taal

maaie 2, 2020 14:08

De oerheid wol graach dúdlik kommunissearje oer needsaaklike maatregels yn de striid tsjin it SARS-CoV-2 firus dat de hjoeddeistige koroanagoarre COVID-19 feroarsaket. Dat begjint fansels al mei de taalkar.

Der is, wat dat oanbelanget, net ien gaadlike taal foar elkenien. Ymmigranten ferstean it Nederlânsk net altyd goedernôch, mar lang net eltse bûtenlânner is goed yn Ingelsk, krektlikemin as Nederlanners. Yn Fryslân wurdt gauris it Nederlânsk foar kar naam, mar it boadskip komt fansels better oer yn de memmetaal. Sadwaande wurdt der likegoed wakker yn it Frysk kommunisearre mar de Provinsje Frysân giet noch in stapke fierder en hat boppedat posters makke mei ynstruksjes yn in tal streektalen; plus byldtaal. Njonken it Bildts en it Stellingwarfs binne dat steds- en eilântalen. Dy posters kinne fan de provinsjale webside delhelle wurde: klik hjir. Ferlykje hjirre de poster yn it Hylpers mei dy yn it Frysk.

maaie 2, 2020 14:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.