Koroanafrije fakânsjes yn spesjale fakânsjeoarden

maaie 11, 2020 08:53 Fernijd

Reisorganisaasje Corendon is fan doel om fan ’t simmer reizen oan te bieden dêr’t inkeld minsken mei meie, dy’t garandearre koroanafirusfrij binne. Direkteur Steven van der Heijden lei yn it programma Dit is de Dag op Radio 1 út hoe’t dat yn syn wurk giet.

Foto: pixabay.com

Reizgers wurde de hiele reis yn ’e gaten holden en test. Dat kin omdat Corendon útsein eigen fleantugen ek eigen alles-ynbegrepen fakânsjeoarden hat. Troch minsken foar de flecht te testen en nei twa dagen yn it fakânsjeoard noch in kear, kinne besmette reizgers derút filtere wurde. It bedriuw keapet dêrfoar hûnderttûzenen koroanatests yn.

It bedriuw wol dat yn Turkije en op Sisilië en Sardinië oanbiede en is dêr al mei de lokale oerheden yn petear. Neffens de direkteur is de faze berikt dat der wer wat kin en nimme de boekingen ta. Corendon tinkt de reizen fan ein july ôf oanbiede te kinnen.

maaie 11, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.