Kollektewike fan it Kultuerfûns yn Fryslân

maaie 22, 2020 08:55

Spesjale jubileumedysje mobile Anjeraksje fan 22 oant en mei 30 maaie 2020

It Prins Bernhard Kultuerfûns bestiet dit jier tachtich jier en dat wurdt fierd mei in spesjale jubileumaksje. Alle kollektearjende ferienings meie dit jier 100% fan de opbringst sels hâlde. Mei de jierlikse kollekte hellet it Kultuerfûns jild op foar kultuer en natuer yn ’e regio ûnder it biedwurd ‘Hâld kultuer yn ’e buert libben!’

Mei de opbringst fan de Anjeraksje koe it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân yn 2019 likernôch 200 projekten op it mêd fan kultuer en natuerbehâld stypje. Yn totaal gie it om in bedrach fan likernôch 450.000 euro.

Mobile Anjeraksje
De kollektanten kinne fanwegen de koroanakrisis net mei de kollektebus by de doarren lâns gean. Dit jier sil dan ek foar it earst yn de skiednis fan de Anjeraksje mobyl kollektearre wurde. Dat wol sizze dat de kollektanten fia harren mobile telefoan in berjocht stjoere sille nei harren efterban mei de fraach om te donearjen foar harren feriening. Der kin ek donearre wurde fia de webside anjeractie.nl.

Oer de Anjeraksje
It Prins Bernhard Kultuerfûns sammelet sûnt 1946 alle jierren jild yn mei de Anjeraksje. Yn dy wike gean sa’n 16.000 kollektanten op paad om jild op te heljen foar harren feriening.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns is besiele pleitbesoarger fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen wurde bysûndere inisjativen en talint stimulearre. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it Prins Bernhard Kultuerfûns partikulieren, stiftings en bedriuwen ûnôfhinklik en deskundich advys oer filantropy.

maaie 22, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.