Koartere BinckBankTour yn 2020

maaie 7, 2020 08:51 Fernijd

Tour regio Dokkum ferset nei 2021

De BinckBankTour 2020 hat in nij plak op de kalinder. De iennige UCI WorldTour rittewedstriid fan ferskate dagen yn Nederlân en België sil holden wurde fan 29 septimber oant en mei 3 oktober. De ynkoarte omloop start net yn Dokkum. De plende Grand Départ yn it noarden fan Nederlân wurdt nei 2021 trochskood.

Yn de krekt presintearre nije UCI fytskalinder hat de Binckbank Tour ek syn plakje fûn, op de datum dy’t de organisaasje foarsteld hie. Hy wurdt ferriden yn de wike nei it WK fytsen, fan tiisdei 29 septimber oant en mei sneon 3 oktober. De koers wurdt ynkoarte ta fiif dagen, yn stee fan de normale sân. Dêrtroch wurdt it makliker om gauwer mei de karavaan nei Súd-Nederlân en België ôf te sakjen.

Dat betsjut wol dat de wedstriid net út Dokkum wei start, sa’t fêstlein wie. De gemeente Noardeast-Fryslân soe de Grand Départ keppelje oan de Admiraliteitsdagen. Troch de koroanakrisis wiene dy earder al in jier opskood. Yn 2021 start de BinckBank Tour wol yn Dokkum.

Koersdirekteur Rob Discart is o sa tefreden mei dy nije datum: “Yn de nije hjerstkalinder is der foar eltse koers opmerklik mear konkurrinsje as yn in normaal jier. De BinckBankTour falt dan wol gear mei de Waalse Pijl, wy mikke mei de aard fan ús koers dochs mear op de fytsers fan de flakkere klassikers, de flandriens. Dy kinne no al by ús oan ’e slach, koart foar de koersen fan ien dei, letter yn oktober. Dat wy de start yn Dokkum in jier opskowe moatte is spitich. De gemeente Noardeast-Fryslân en de Provinsje Fryslân likegoed as wysels seagen der o sa nei út. Mar wy wiene it der gau oer iens dat it foar eltsenien – en foaral foar de fytsfans yn it noarden fan Nederlân – folle better is om it yn ien kear goed te dwaan, yn 2021.”

Wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Noardeast-Fryslân fynt it spitich dat de BinckBankTour dit jier net yn har regio úteinset: “Wy binne fansels bliid mei de tasizzing dat de tour oar jier hjir wol start. Dan sil de gemeente Noardeast-Fryslân mei de provinsje en de omlizzende gemeenten, de BBT ek lette en sette, ek wer yn gearwurking mei de organisaasje fan de Admiraliteitsdagen.”

De organisaasje fan de BBT wurket no de eardere parcoursplannen yn oerlis mei de ferskate start- en oankomstplakken om. As dy puzel klear is, is ek bekend wat it nije startplak foar de edysje 2020 is.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.binckbanktour.com.

maaie 7, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.