Keunstner Claudy Jongstra oan ’e slach mei wol fan ‘Omrin-skiep’

maaie 15, 2020 09:10

Tongersdeitemiddei hat Omrin, tegearre mei bioferskaatpartner Durkje Brouwer fan Tsiismakkerij Buorfrou Durkje, skieppewol oerlange oan keunstner Claudy Jongstra. Jongstra sil de wol brûke foar ien fan de keunstwurken dy’t ûnderdiel binne fan har monumintale útstalling yn Museum De Lakenhal yn Leien, ein oktober 2020. “It is moai om te sjen dat wy ús regionale partners yn bioferskaat en sirkulêre ekonomy oaninoar ferbine kinne”, seit algemien direkteur fan Omrin, John Vernooij.

Foto: © Tjerk de Jong Fotografie

Regionaal gearwurkje
It oerlangjen fan de wol barde yn ’e studio fan Claudy Jongstra yn Spannum; fansels op oardel meter ôfstân. Claudy Jongstra naam de grutte partij tankber yn ûntfangst: “Fantastysk om sa aktyf in sirkulêre ekonomy te stimulearjen troch it regionalisearjen fan ’e produksjeprosessen yn Fryslân. De wol fan it Fryske melkskiep en de skiep fan It Fryske Gea brûk ik as grûnstof foar myn keunstwurken. It materiaal is folslein kompostearber, in moaie foarm fan omrin”.

Claudy Jongstra (foto: © Tjerk de Jong Fotografie)

Oer Claudy Jongstra
De keunstwurken fan wol fan Claudy Jongstra binne nasjonaal en ynternasjonaal bekend. Har wurk is oer de hiele wrâld te sjen en is opnaam yn ferskate kolleksjes, lykas dy fan it Steds- en it Ryksmuseum yn Amsterdam, it Victoria & Albert Museum Londen en it San Francisco Museum of Modern Art. De unike gearwurking tusken Omrin en Claudy Jongstra begûn yn 2017, doe’t Jongstra mei har ‘Wasto NO Waste LAB’ tydlik yn de Recycle Boulevard tahold.

Omrin en Jongstra sille no ek yn it middelber beropsûnderwiis mei-inoar gearwurkje. De Omrin-wol sil brûkt wurde yn in programma dat Jongstra spesjaal ûntwikkele hat. Sa wurdt mei it Alfakolleezje in duorsume gearwurking foar de kommende jierren oangien.

Oer Tsiismakkerij Buorfrou Durkje
Neist Omrins Ekopark De Wierde wennet en wurket de biologyske boerinne Buorfrou Durkje. Sûnt Omrin it Bijepakt ûndertekene yn febrewaris 2019, wurkje beide partijen nau gear. De skiep fan Buorfrou Durkje weidzje yn ’e maitiid op it stoart fan it Ekopark. De skiep ite it krûderike gers en blommen mei sied. Fia de dong komt it sied werom yn ’e boaiem en dêrtroch ûntstiet in ryk bioferskaat.

maaie 15, 2020 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.