Kazematten op de Ofslútdyk

maaie 5, 2020 10:05

Yn maaie 1940 wie it foar de Nederlanners in grutte skok dat de Dútske buorlju it lân ynfoelen en dat de kriichsmacht sa gau kapitulearre. Dat ús kriichsmacht ek suksessen boekte, is minder bekend.

Ofbylding: Noordboek

It boek Kazematten op de Afsluitdijk fan John R. Verbeek giet oer ien fan dy suksessen, nammentlik de ferdigening fan de Ofslútdyk. In gelokkige kombinaasje fan deeglike ferdigeningswurken (de kazematten), in motivearre ienheid mei betrouwen yn ’e kommandant en goed liederskip hold by de Ofslútdyk de Dútske oanfal tsjin.

John Verbeek hat de ferdigeningswurken dy’t as gefolch fan it ôfsluten fan de Sudersee boud waarden, wiidweidich ûndersocht. Yn syn boek jout er ynsjoch yn de foar dy tiid moderne bouwurken en bewapening dy’t de fjoerproef glânsryk blieken te trochstean. It boek is yllustrearre mei foto’s en in protte tekeningen-op-skaal fan de ferdigeningswurken. Dêrneist jout de auteur in detaillearre beskriuwing fan wat der yn de maaiedagen fan 1940 op en om de Ofslútdyk barde.

Verbeek (1955) studearre skiednis oan de RU Leien (1981). Syn ekspertize leit foaral op it mêd fan fêstingwurken, militêre technyk, seeskiednis, koloniale ekspânsje en Yndonezyske lân- en folkekunde. Hy is aktyf yn it museumwêzen en jout histoaryske advizen by films en dokumintêres.

John R. Verbeek – Kazematten op de Afsluitdijk. De geschiedenis van de kazemattenstelling bij Den Oever en op het Kornwerderzand, de Wonsstelling, Breezand en de Duitse en naoorlogse verdedigingswerken.

Noordboek | ISBN 978 90 5615 633 6 | paperback | 240 siden | ryk yllustrearre | € 22,50

Fan 5 maaie 2020 ôf te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

maaie 5, 2020 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.