Kapper mei wer knippe, juridysk probleem yn de bus
Resint ferskynd

Foto: pixabay.com
It regear lit hierknippers en oare nifelders oan ‘e lea tenei harren wurk wer dwaan. Fan moandei 11 maaie ôf ferfalle de ferboaden fan ‘e feilichheidsregio’s op sok arbeidzjen.
Wol moatte de klanten yn it foar in ôfspraak meitsje, sadat baas kapper neifreegje kin oft hja net tefolle hoastje. Fierders moatte de klanten oardel meter útinoar sitte. De kappers hoege gjin mûlekapke foar.
Dat moatte passazjiers yn it iepenbier ferfier wol. En dat wurdt in probleem, want de hjoeddeiske wet ferbiedt it bedekken fan it antlit yn bussen, treinen en sa mear.
Premier Rutte die woansdei te witten dat basisskoallen nije wike wer iepen meie en dat minsken bûtendoar wer sporte meie. It fuortset ûnderwiis mei op 1 juny de doarren wer iepenje. Terrassen meie dan ek wer iepen. Yn july meie kampearplakken wer gasten ûntfange.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje