‘Kapitulaasje 70 jier lyn net yn Wageningen’

maaie 4, 2020 11:05

De Dútske troepen yn Nederlân joegen harren op 5 maaie 1945 yn Hotel De Wereld yn Wageningen oer. Alteast, de kapitulaasje waard op dy dei op dat plak troch generaal Foulkes, de kommandant fan it Earste Kanadeeske Leger en prins Bernhard útûnderhannele mei Generaloberst Blaskowitz. De oerjefte wie in feit doe’t Blaskowitz ‘Jawohl’ sei op Foulkes syn fraach oft hy kapitulearje woe. Om oan alle betingsten foldwaan te kinnen, frege Blaskowitz lykwols fjouwerentweintich oeren útstel. De úteinlike ûndertekening fan de kapitulaasje fan alle Dútske troepen yn Nederlân wie op snein 6 maaie 1945 yn de aula fan de Lânbouhegeskoalle, yn bywêzen fan prins Bernhard.

Hotel De Wereld yn 1945

Hotel De Wereld yn Wageningen yn 1945

Mar dat hiele ferhaal is in myte, sa hâldt histoarikus dr. Jan Brouwer út. Want de kapitulaasje fan alle striidkrêften waard al troch de Dútske legertop tekene op 4 maaie, de jûns om healwei sânen, op de Lüneburger Heide foar de Britske generaal Montgomery oer. Dy hie in oerjefte sûnder betingsten easke. Ofpraat waard dat de kapitulearre troepen op it lân, op see en yn ‘e loft op 5 maaie om acht oere moarns ophâlde soenen mei alle fijannichheden.

De echte kapitulaasje op de Lüneburger Heide

De echte kapitulaasje op ‘e Lüneburger Heide yn Dútslân

Wat waard der yn Wageningen dan dien? Neffens Brouwer is der betizing tusken it kapitulaasjedokumint (Instrument of Surrender) en de oerjeftebefellen (Orders on the Surrender). Blaskowitz hat dy befellen, dêr’t de kapitulaasje konkreet yn útwurke waard, yn Hotel De Wereld op 5 maaie om healwei fiven tekene. Syn ‘Jawohl’ wie antwurd op Foulkes syn fraach oft hy de Lüneburger kapitulaasje erkende. Bernhard wie der al by, mar Brouwer wol ha dat de prins dêr gjin inkele funksje hie. De befellen kamen der yn grutte halen op del dat de Dútske troepen op harren posysjes bliuwe moasten yn ôfwachting fan fierdere oarders foar ûntwapening en ôftocht nei Dútslân. Underhanneljen oer de kapitulaasje sûnder betingsten wie út soarte net mear mooglik. De Alliearden wienen, sa ferdútst Brouwer, wichtige ynformaasje fanneden oer de sterkte fan de Dútske troepen, militêre foarrieden, oanleine minefjilden, pleatste eksplosiven, militêre ynstallaasjes, ensafuorthinne. De Dútske millitêre boppebaas hie in dei nedich om dat allegearre út te figelearjen en sadwaande kamen de technyske details fan de oerjeftebefellen dy sneins yn de aula op it aljemint; prins Bernhard wie dêr net mear by.

Lieutenant-General Foulkes and General Reichilt negotiating the surrender of German forces in the Netherlands. Date: 5 May 1945 Place: Wageningen, Netherlands Extent: 108 x 133 mm Terms of use Credit: Alexander M. Stirton / Canada. Dept. of National Defence / Library and Archives Canada / PA-137730
Restrictions on use: Nil
Copyright: Expired
Photographer: Alexander M. Stirton

De sabeare kapitulaasje yn Wageningen

Brouwer is min te sprekken oer it opklopjen fan it belang fan de gearkomsten yn Wageningen en neamt al it opsnijen oer de ‘Frede fan Wageningen’, in kapitulaasje-akte en de kapitulaasjeseal yn Hotel De Wereld skiednisferfalsking. Mar de grutte kliber sil syn riddenaasje wol as strontsykjen beskôgje en tal fan organisaasjes ha der belang by om it histoarysk belang fan wat der op 5 maaie 1945 yn Wageningen plakhie sa grut mooglik te hâlden. Dat, oan de byldfoarming fan Wageningen as ‘Stêd fan de Befrijing’ sil Brouwers útlis wol net folle feroarje. Sjoch hjir foar Brouwer syn frijwat gaoatyske mar goed ûnderboude bydrage oan de webside Historiek.

(earder op dit webstee pleatst op 5 maaie 2015)

maaie 4, 2020 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.